William Wallace: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 19:
}}
{{Oar|de Skotske frijheidsstrider William Wallace|William Wallace (betsjuttingsside)}}
'''William Wallace''' (útspr.: ['wɪljəm 'wɔləs], likernôch "û-iljem û-olles"; [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Uilliam Uallas''; modern [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Uilleam Uallas''; [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]]: ''William le Waleys''; [[Ayrshire]]?, ±[[1270]] – [[Londen]], [[23 augustus]] [[1305]]) wie in [[Skotlân|Skotsk]] frijheidsstrider en opstanneling dy't himsels opwurp as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e [[Skotten]] ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] oan 'e ein fan 'e [[13e ieuiuw|trettjinde]] en it begjin fan 'e [[fjirtjinde ieuiuw]]. Wallace fersloech yn [[1297]] in [[Ingelân|Ingelsk]] leger yn 'e [[Slach by Stirling]], en waard dêrnei oansteld as [[beskermhear fan Skotlân]] (in soarte fan [[regint]]). As sadanich tsjinne er oant syn nederlaach yn 'e [[Slach by Falkirk (1298)|Slach by Falkirk]], yn [[1298]]. Neitiid liek it tij him tsjin 'e Skotten te kearen, en yn [[1303]] joegen alle Skotske lieders útsein Wallace har oer oan kening [[Edwert I fan Ingelân]]. Uteinlik waard Wallace yn [[1305]] ferret en oppakt by [[Glasgow]], wêrnei't er nei [[Londen]] brocht en [[eksekúsje|terjochtsteld]] waard.
 
Doe't [[Skotlân]] nei syn dea ûnder [[Robert de Bruce]] dochs noch syn ûnôfhinklikheid weromwûn, waard Wallace as ikoanyske frijheidsstrider ta in [[leginde]]. It measte dat tsjintwurdich oer syn libben bekend is, komt út it [[15e ieuiuw|fyftjinde-ieuskeiuwske]] [[epyske gedicht]] ''The Acts and Deeds of Sir William Wallace, Knight of Elderslie'', fan 'e [[minstreel]] [[Bline Harry]]. Dêrop binne lettere, ferneamde [[literatuer|literêre]] wurken basearre fan û.m. sir [[Walter Scott]] en [[Jane Porter (Ingelsk skriuwster)|Jane Porter]] en de mei ferskate [[Oscar]]s bekroande [[Hollywood]]-[[film]] ''[[Braveheart]]'', fan [[regisseur]] [[Mel Gibson]].
 
==Libben==
Rigel 30:
Om't der yn Ayrshire in plak is dat fan [[Ellerslie]] hjit, wurdt wol tocht dat Bline Harry dat betize hat mei Elderslie (mei in d) yn Renfrewshire. Der is fierders gjin bewiis út 'e tiid fan Wallace oerlevere dat nei itsij Ellerslie, itsij Elderslie wiisd as syn berteplak, en beide plakken hawwe in bân mei de [[Klan Wallace]], dêr't William Wallace lid fan wie. In protte Wallaces út dy tiid wiene [[lienman|lienlju]] fan [[Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân]], en beide plakken leine doedestiden yn 'e lânerijen fan dy ealman. Yn elts gefal wie William Wallace nei hjoeddeistige ynsichten wierskynlik net fan [[adel]], mar ynstee in lid fan 'e [[boer]]estân. It is bekend dat er teminsten twa bruorren hie, dy't Malcolm en John hieten.
 
Oangeande de oarsprong fan it hiele [[Klan Wallace|Wallace-skaai]] kin noch fermeld wurde dat de namme ôflaat wie fan it [[Angelsaksysk]]e wurd ''wylisc'' (útspr. ['wʌlɪʃ], "û-ullisj"), dat "frjemdling" of "útlanner" betsjutte. Fan deselde oarsprong binne de nammen [[Wales]] en [[Cornwall]], wylst ''wylisc'' weromgiet op in âlder [[Germaanske talen|Germaansk]] wurd dêr't ek de nammen [[Walloanje]], [[Walachije]] (yn [[Roemeenje]]) en it [[Switserlân|Switserske]] kanton [[Wallis (kanton)|Wallis]] út fuortkomme. Yn 'e kontekst fan 'e [[Britske Eilannen]] ferwiisde de beneaming ''wylisc'' yn 'e regel nei [[Keltyske talen|Keltysktalige]] persoanen of gebieten (yn tsjinstelling ta it gebrûk fan besibbe foarmen op it [[Jeropa|Jeropeeske]] [[kontinint]], dêr't [[Romaanske talen|Romaansktalige]] persoanen en gebieten mei oantsjutten waarden), en it is dan ek mooglik dat de Wallaces fan oarsprong [[Wales|Welske]] [[ymmigrant]]en wiene, dy't har yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] yn Skotlân nei wenjen setten. Mar it is likegoed mooglik dat it lânseigen [[Skotten]] wiene, mei't de term ''wylisc'' krektlyk brûkt waard foar de [[Kumbrysk]]talige [[Kelten]] fan súdwestlik Skotlân.
[[File:Braveheart_edinburghcastle.jpg|right|thumb|180px|It stânbyld fan Wallace oan 'e muorre fan it Kastiel fan [[Edinburch]].]]
 
Rigel 57:
Sa wûnen de Skotten in wichtige oerwinning, wêrmei't se teffens harren selsbetrouwen weromwûnen. Yn 'e slach wie [[Hugo fan Cressingham]], de Ingelske skathâlder yn Skotlân, omkommen. Neffens in ferhaal dat opdist waard yn 'e [[Kronyk fan Lanercost]] (in Ingelske boarne, en dêrom oangeande dit barren fan twifelige wearde), soe dy syn lichem nei de slach troch de Skotten strûpt wêze, wêrnei't syn [[hûd]] yn lytse stikjes snien en útdield waard oan 'e Skotske dielnimmers oan 'e slach, ta oantins oan harren oerwinning. Wallace sels soe neffens dit ferhaal in brede stripe hûd fan Cressingham syn [[nekke]] oan syn [[hakke]] ta nommen hawwe om dêr in swurdrym fan te meitsjen.
 
Yn 'e Slach by Stirling makken de Skotten [[strategy]]sk gebrûk fan 'e gesteldheid fan it terrein fan it slachfjild om 'e oerwinning te beheljen. Doedestiden waard soks troch de adel beskôge as in gemiene streek (letterlike betsjutting: in streek fan lju dy't net fan adel wiene), mei't men yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[ridder]]kultuer fan 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] achte waard om oarloch útslutend te bedriuwen mei mankrêft en eare. Sadwaande rekken de relaasjes tusken Skotlân en Ingelân as gefolch fan dizze Skotske oerwinning noch sterker ferbittere as dat se al wiene.
[[File:William_Wallace_Statue_,_Aberdeen2.jpg|right|thumb|250px|It stânbyld fan William Wallace yn [[Aberdeen]].]]
 
Rigel 89:
 
==Historiografy==
Hoewol't it skriuwen fan in [[biografy]] oer lju dy't yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] libben gauris dreech is, binne de útdagings yn it gefal fan William Wallace ekstra grut. Der is amper wat fan 'e man bekend bûten de militêre kampanje fan [[1297]]-[[1298]] en syn lêste pear wiken yn [[1305]]. Om it noch minder te meitsjen is de historiografy oangeande Wallace oant relatyf resint noch op 'e doele brocht troch ferskate postume 'libbensbeskriuwings' fan him, wêryn't ferhalen as wierheid opdist waarden dy't gjin inkele histoaryske ûnderbouwing hiene.
 
Sa waard oant fier yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] de hiele ynhâld fan it [[epos|epyske gedicht]] ''The Acts and Deeds of Sir William Wallace, Knight of Elderslie'', fan 'e minstreel [[Bline Harry]], klakkeleas foar wier oannommen. Mar om't Harry syn masterwurk omtrint [[1470]] skreau, op basis fan in 170 jier âlde [[mûnlinge oerlevering]], moatte by syn ferhaal dúdlik fraachtekens pleatst wurde. Boppedat is ''The Wallace'' in [[literatuer|literêr]] wurk, dêr't Bline Harry oanwiisber [[dichterlike frijheid|dichterlike frijheden]] yn ferwurke (mei't in grut diel fan 'e foarfallen net strykt mei histoaryske saken wêrfan't it ferrin bekend is.
[[File:Wfm_wallace_monument.jpg|right|thumb|250px|It Wallace Monumint, yn 'e neite fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]].]]
 
==Wallace yn fiksje==
===Moderne literatuer===
* Yn 'e iere [[njoggentjinde ieuiuw]] joech sir [[Walter Scott]] syn eigen sjenswize op it libben fan Wallace yn ''Exploits and Death of William Wallace, the 'Hero of Scotland'''.
* Skriuwster [[Jane Porter (Ingelsk skriuwster)|Jane Porter]] joech in oar romantisearre ferslach fan 'e Wallace-leginde yn ''The Scottish Chiefs'', út [[1810]].
* Yn 'e [[roman]] ''In Freedom's Cause'' ([[1885]]) portrettearre [[G.A. Henty]] it libben fan Wallace, [[Robert de Bruce]], de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]] en oare Skotske helden út it tiidrek fan 'e [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]].