Ferskil tusken ferzjes fan "Nêzjd"

2 bytes lytser ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (→‎Demografy: defaultsort)
 
==Skiednis==
Yn 'e [[Aldheid]] waard de Nêzjd bewenne troch in ferskaat oan [[Arabieren|Arabyske]] stammen, wêrûnder de [[Taj (Arabyske stamme)|Taj]], dy't yn [[115]] n.Kr. út [[Jemen]] weiteagen en har yn 'e noardlike Nêzjd nei wenjen setten. Dêr pasten hja har oan 'e omstannichheden oan en ûntjoegen har ta bedoeïnen. Fan 'e [[fyfde ieuiuw]] ôf begûnen útlânske grutmachten, lykas it [[Byzantynske Ryk]] en it [[Perzyske Ryk]] [[fazal]]steatsjes op te setten yn 'e Nêzjd om 'e wichtige hannelsrûte fan [[Syrje]] nei [[Jemen]] te befeiligjen. Sokke steatsjes wiene gjin sintralisearre keninkriken, mar earder konfederaasjes fan in stikmannich ûnderskate stammen. Ien fan 'e Nêzjdyske stammen, de [[Kinditen]], besocht yn 'e [[sechsde ieuiuw]] foar it earst om alle stammen fan sintraal Araabje te ferienjen.
 
Yn 'e [[sânde ieuiuw]] fierden de [[islaam|moslims]] noch by it libben fan 'e [[profeet]] [[Mohammed]] de earste militêre ekspedysjes yn 'e Nêzjd út, sij it net tsjin 'e lânseigen stammen dêre, mar tsjin hannelskarafanen fan harren fijannen, de [[Mekka]]nen. Neitiid joegen in protte Nêzjdyske stammen har by Mohammed-en-dy. Nei it ferstjerren fan 'e profeet, yn [[632]], besochten de measte stammen lykwols har selsstannichheid werom te winnen, en stiene der yn 'e Nêzjd ferskate nije profeten op, lykas [[Mûsailima]], út 'e fruchtbere krite fan [[Jamama]], en [[Tûlaiha]], in stamhaad fan 'e [[Bany Asad]]. Harren opstannen waarden lykwols delslein troch de earste [[kalyf]], [[Abû Bakr]]. Neitiid hearde de Nêzjd ta it [[Islamityske Ryk]] oant dat nei ferrin fan ferskate ieuweniuwen útinoar foel.
 
Tsjin 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] wie it Arabysk Skiereilân ferwurden ta in ûnbelangryk gewest yn 'e perifery, mei't [[Syrje]], [[Mesopotaamje]], [[Egypte]] en sels [[Spanje]] har ûnderwilens ta folle wichtiger islamityske sintra ûntwikkele hiene. De yn wêzen útlânske hearskers, dy't harren sit yn [[Damaskus]], [[Bagdad]] of [[Kaïro]] hiene, koene net in protte belangstelling opbringe foar de Nêzjd, mei as gefolch dat de krite weromkearde nei de pre-islamityske sitewaasje, wêrby't de ôfsûnderlike stammen feitliks folslein ûnôfhinklik wiene wylst se ûnderling tsierden en fetes útfochten. Yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] feroveren de [[Osmaanske Ryk|Osmaanske Turken]] de [[Hidjas]] (de [[Reade See|Reade-Seekust]]) en teffens de kust fan 'e [[Perzyske Golf]]. Mei-iens foegen se ek de dêr tuskenyn leine Nêzjd mar even by harren ryk, ek al hiene se dêr yn 'e praktyk neat yn 'e molke te krommeljen.
 
Yn 'e [[1744]] stifte in Nêzjdysk stamhaad, [[Mohammed bin Saûd]], it nei him neamde [[Hûs fan Saûd]], in dynasty dy't noch altyd bestiet en dy't hjoed de dei it nei syn stifter ferneamde [[Saûdy-Araabje]] regearret. Mohammed bin Saûd stie sterk ûnder ynfloed fan 'e [[religy|religieuze]] foaroanman [[Mohammed ibn Abd al-Wahab]], de stifter fan 'e strang-islamityske streaming fan it [[wahabisme]], en rjochte yn 1744, yn 'e krite om [[Ar-Riaad]] hinne, de [[Earste Saûdyske Steat]] op. Dy wreide him fluch út en krige frijwol it hiele Arabysk Skiereilân yn 'e macht, mar waard yn [[1818]] ûnder fuotten helle troch it leger fan [[Mohammed Ali fan Egypte|Mohammed Ali Pasja]], de Osmaanske ûnderkening fan [[Egypte]]. De [[Twadde Saûdyske Steat]] wie in folle lytser, tribaal sjeikdom om Ar-Riaad hinne, dat yn [[1824]] stifte waard, mar yn [[1890]] ferovere waard troch de tradysjonele fijannen fan it Hûs fan Saûd, de [[Rasjidi-dynasty|Rasjidi's]].
De Nêzjd hie yn [[2010]] 8,6 miljoen ynwenners, wat delkaam op 28% fan 'e befolking fan Saûdy-Araabje. De grutste stêd wie [[Ar-Riaad]], de Saûdyske haadstêd, mei 4,7 miljoen ynwenners. Oare grutte stêden yn 'e krite wiene [[Bûraida]], mei 506.000 ynwenners, [[Hayl]], mei 413.000 ynwenners, [[Unaiza]], mei 138.000 ywenners, en [[Ar-Rass]], mei 116.000 ynwenners.
 
De measte [[Arabieren|Arabyske]] stammen fan 'e Nêzjd binne fan [[Adnaniten|Adnanityske]] oarsprong. Harren foarâlden ferfearen yn 'e Aldheid út [[Tihama]] en de noardlike [[Hidjas]] wei nei de Nêzjd. Oant healwei de [[tweintichste ieuiuw]] bestie it meastepart fan 'e Nêzjdyske befolking út [[nomade|nomadyske]] [[bedoeïnen]], mei dêropta, fral yn 'e oäzes yn it easten, ek [[sedintêr]]e [[lânbou]]wers, [[keapman|keaplju]] en [[ambachtsman|ambachtslju]]. In lyts oanpart fan 'e befolking bestiet út neikommelingen fan [[Afrika]]anske of [[Balkan|Súdeastjeropeeske]] [[slavernij|slaven]] (de slavernij waard yn Saûdy-Araabje pas yn [[1962]] ôfskaft). Sokken binne der lykwols folle minder as yn 'e Hidjas, in gebiet dat mei troch de lokaasje fan 'e hillige stêden [[Mekka]] en [[Medina]] dêre en de oansûgende wurking dy't dat op moslims út 'e hiele wrâld hie, in folle heterogenere befolking hat as de oanbuorjende Nêzjd. Yn dit ferbân spilen fierders ek de ôfhandige lizzing en ûnmeilydsume [[klimaat]] fan de Nêzjd mei, dy't makken dat útlanners it gebiet yn it ferline safolle mooglik mijden.
 
Hjoed de dei binne der net folle bedoeïnen mear yn 'e Nêzjd dy't noch in nomadysk bestean liede; yn 'e regel hawwe dy har no foarfêst nei wenjen set yn 'e stêden. Sûnt Saûdy-Araabje troch de [[ierdoalje|oalje]]winning in ryk lân wurden is, hawwe har yn 'e Nêzjd grutte groepen nijynkommelingen fêstige út alle oare regio's fan Saûdy-Araabje en ek út it bûtenlân. Dêrby giet it benammen om tsjinstfolk út [[Súd-Aazje|Súd]]- en [[Súdeast-Aazje]] en yn mindere mjitte om heechoplaat personeel út it Westen en út Súd-Aazje. Yn 'e stêd Ar-Riaad allinnich al meitsje bûtenlanners in trêdepart fan 'e befolking út, rom oardel miljoen minsken.
10.424

bewurkings