Skientmewedstryd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
Dielnimmers oan skientmewedstriden binne oer it algemien froulju of famkes; hoewol't der wol deeglik soartgelikense eveneminten foar manlju besteane, wurde dy ornaris oars beneamd (meast as [[fitness]]- of [[bodybuilding]]wedstriden). Faak wurde skientmewedstriden foar froulju mei in lienwurd út it [[Ingelsk]] oantsjut as '''miss-ferkiezings''', en wurdt de winneresse "Miss ..." neamd (bgl. Miss Fryslân, Miss Feriene Steaten of Miss Wrâld). Skientmewedstriden foar manlju wurde yn it ferlingde dêrfan inkeld ek wol '''mister-ferkiezings''' neamd. Der besteane tsjintwurdich ek skientmewedstriden foar jonge bern, dy't popularisearre binne troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[realitytillefyzje]]searje ''Toddlers and Tiaras'' ("Pjutten en Tiara's").
 
De winneresse fan in skientmewedstryd wurdt gauris oantsjut as in '''skientmekeninginne'''. Sokken wurde almeast kroane mei in [[tiara]] en krije in [[sjerp (bân)|sjerp]] om hongen mei dêrop de namme fan 'e skientmewedstryd. De ierst bekende skientmewedstryd waard holden yn [[Ingelân]], yn [[1839]], ûnder it [[Toernoai fan Eglinton]] (in neispile [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[ridder]][[toernoai]]), doe't [[Georgiana Seymour, hartoginne fan Somerset]] útroppen waard ta de ''Queen of Beauty''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=