Komyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
* De "tradysjonele" tillefyzjekomiken of revu-artysten trede op yn in [[skouboarch]] om dêr komyske, yn it foar ynstudearre sketskes op 'e planken te bringen. Dit soarte fan komyk is sadwaande ek in soarte fan [[akteur]]. De bekendste komyk fan Nederlân op dit mêd is [[André van Duin]].
* In [[clown]] is in artyst dy't almeast optreedt yn in [[sirkus]], en dy't him fan oarsoartige komiken ûnderskiedt trochdat er him [[smink]]t yn felle kleuren (mei faak in grutte rûne reade noas), en trochdat er klean draacht dy't him òf te lyts, òf te grut binne. Yn sirkussen binne de clowns faak ek tagelyk [[akrobaat|akrobaten]] en/of [[jongleur]]s. In oar skaaimerk fan clowns is dat se yn 'e regel komeedzje bedriuwe sûnder dêrby te praten, al is dat net altyd it gefal. Der binne ek [[tillefyzje]]clowns en [[kliniclowns]], dy't foar sike bern optrede yn [[sikehûs|sikehuzen]]. De bekendste clown fan Nederlân is [[Bas van Toor]], de iene helte fan it bernetillefyzjeduo [[Bassie en Adriaan]].
* De [[nar]] of ''[[harlekijn]]'' wie in histoaryske foarrinder fan 'e clown, dy't yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] almeast ferbûn wie oan in hof fan 'e [[adel|hege adel]], en dêr besocht de foarst en dy syn gasten te fermeitsjen.
* In [[kabaretier]] is in artyst dy't meast optreedt yn [[skouboarch|skouboargen]] en dêr syn publyk fermakket mei grappige monologen dy't [[konferânse]]s neamd wurde. De jûnfoljende monolooch wurdt dêrby yn 'e regel ferskate kearen ûnderbrutsen foar in [[ferske]] of in oar yntermezzo mei [[muzyk]]. Yn Nederlân is it sa dat konferânses faak in serieus boadskip hawwe, dat brocht wurdt troch it te omjaan mei [[humor]]. Bekende kabaretiers binne bygelyks [[Youp van 't Hek]], [[Brigitte Kaandorp]] en [[Theo Maassen]]. Yn [[Fryslân]] is [[Teake van der Meer]] mei dit soarte fan komeedzje ferneamd wurden.
* [[Slapstick]]komiken wurkje ornaris mei syn twaen of yn groepen, en harren humor is tradysjoneel folslein fisueel. Dit soarte fan komyk ûntjoech him yn it tiidrek fan 'e [[stomme film]], doe't de mooglikheid foar it oerbringen fan teksten oan 'e sjoggers beheind wie. Fral [[Laurel en Hardy]] binne op dit mêd bekend wurden.