Aldsaksysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L synomym
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]<br> &nbsp;&nbsp;● [[Germaanske talen|Germaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● '''Aldsaksysk'''
| dialekten =
| tiidrek = [[7e ieuiuw]] – [[1150]]
| ûntstien út = [[Súdwestgermaansk]]
| ûntjûn ta = [[Midnederdútsk]]
Rigel 13:
| ISO 639-3 = osx
}}
It '''Aldsaksysk''', '''Saksysk''' of '''Aldnederdútsk''' wie de [[Westgermaanske talen|Westgermaanske]] [[taal]] dy't sprutsen waard troch it [[folk]] fan 'e [[Saksen (folk)|Saksen]], yn in gebiet dat no it easten fan [[Nederlân]] en it noardwesten fan [[Dútslân]] beslacht. Dizze taal bestie rûchwei fan 'e [[sânde ieuiuw|sânde]] oant de [[tolfde ieuiuw]] en kaam fuort út 'e [[Istveoanen|Ryn-Wezer]]-dialekten fan it eardere [[Súdwestgermaansk]]. Tsjin 'e midden fan 'e [[tolfde ieuiuw]] ûntjoech it him ta it [[Midnederdútsk]], dêr't letter it tsjintwurdige [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]] út fuortkaam.
 
==Besibskip==
Rigel 19:
 
==Skiednis==
It Aldsaksysk ûntjoech him om 'e [[sânde ieuiuw]] hinne út 'e [[Istveoanen|Ryn-Wezer]]-dialekten fan it eardere [[Súdwestgermaansk]]. It is mooglik dat dêr noch in net oerlevere taalstadium tusken siet, it saneamde [[Proto-Saksysk]], dat dan sprutsen wêze moat fan 'e [[earste ieuiuw|earste]] oant de [[sânde ieuiuw]]. Yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] bestie der in [[taalkontinuum]] (in stadich yninoar oergean fia ferskillende oergongsdialekten) tusken it Aldsaksysk en it [[Aldnederfrankysk]]; pas doe't men yn 'e [[sechstjinde ieuiuw|sechstjinde]] en [[santjinde ieuiuw]] de talen begûn te standerdisearjen, kaam der in skerpe skieding ta stân.
[[File:Heliand Excerpt.jpg|left|200px|thumb|In side út 'e ''[[Heliand]]''.]]
 
Nei it jier [[1000]] begûn it Aldsaksysk him oer in perioade fan in pear ieuweniuwen stadichoan te ûntjaan ta it [[Midnederdútsk]]. As ein fan it Aldsaksyske tiidrek wurdt yn 'e regel it jier [[1150]] oanholden, om't dat it begjin wie fan in snuorje dat it Nederdútsk folle mear as skriuwtaal brûkt waard, wêrby't it taalgebrûk him foar it earst dúdlik fan it Aldsaksysk ûnderskate. Ien fan 'e meast opfallende ferskillen tusken it Aldsaksysk en it Midnederdútsk is it ferskynsel [[fokaalreduksje]], dat him ek yn besibbe talen as it [[Midingelsk]], it [[Midnederlânsk]] en it [[Midfrysk]] foardien hat. Dêrby krigen wurden dy't earder op folle [[fokaal|fokalen]] einigen, lykas ''dagô'' ("dagen", mt. 3de namfal) en ''gisprekan'' ("sprutsen") in [[sjwa]] of reduksjefokaal oan 'e ein: ''dage'' en ''gespreken''.
 
==Oerlevering==
It Aldsaksysk is oerlevere fanôf de [[njoggende ieuiuw]], ôfsjoen fan in [[Aldsaksysk doopûnthjit|doopûnthjit]] út 'e [[achtste ieuiuw]]. Yn dat doopûnthjit, dat brûkt waard om 'e [[heidendom|heidenske]] [[Saksen (folk)|Saksen]], gauris ûnder twang, ta it [[kristendom]] te bekearen, wurde de ôf te swarren goaden mei namme neamt: "''[...] end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuōden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint [...]''" ("[...] en ik fersaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, [[Tonger (god)|Tonger]] en [[Weda]] en [[Saksnot]], en al dy duvels dy't harren selskipslju binne [...]"). Ut 'e brûkte wurden komt in beskate ynfloed fan it [[Aldingelsk]] en it [[Aldheechdútsk]] nei foarren, wat nei alle gedachten feroarsake is trochdat dat de memmetalen fan 'e kristlike [[sindeling]]en wiene dy't de Saksen besochten te bekearen.
 
De wichtichste Aldsaksyske teksten binne lykwols de ''[[Heliand]]'' ("Heilân"), in rûchwei yn 'e midden fan 'e [[njoggende ieuiuw]] ûntstien [[epos]] oer it libben en de lear fan [[Jezus Kristus]], dêr't 5.983 regels yn [[stêfrym]]fersen fan oerlevere binne, en de ''Genesis'', trije fragminten mei stof út 'e [[Bibel]] (benammen út it earste bibelboek, ''[[Genesis (boek)|Genesis]]''), yn 337 stêfrymregels, krektlyk út 'e njoggende ieuiuw.
 
==Taaleigenskippen==