Cortina d'Ampezzo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
[[Ofbyld:CortinaDAmpezzo-edited.jpg|thumb|240px|left|Cortina d'Ampezzo]]
[[Ofbyld:Dolomiten Tofana-Sued.jpg|thumb|240px|left|Tofana]]
Fan de [[Iere Midsiuwen|iere midsiuwen]] is der mar in bytsje bekend. Fan de sechsde iuw ôf namen de [[Langobarden]] de macht oer en fan [[776]] ôf namen de [[Frankyske Ryk|Franken]] ûnder lieding fan [[Karel de Grutte]] de macht oer. It hearde dêrnei ta it [[Hillige Roomske Ryk]]. Yn [[1420]] waard Cortina d'Ampezzo troch [[Republyk Feneetsje|Feneetsje]] ferôvere. Op 21 oktober 1511 wurdt it troch keizer [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan I]] ferôvere en by it greefskip [[Tirol (gebiet)|Tirol]] taheakke. Tusken [[1809]] en [[1813]] waard it beset troch de Frânske troepen fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]]. Oant en mei de [[Earste Wrâldkriich]] behearde it by [[Eastenryk]]. It plak hat in soad te lijen hân ûnder dy kriich. Nei de wapenstilstân fan [[4 novimber]] [[1918]] waard it troch de [[Itaalje|Italjaanske]] leger beset. Neffens it [[Ferdrach fan Saint-Germain (1919)|Ferdrach fan Saint-Germain]] waard de stêd oan Itaalje tabedield. Omdat de Ladiners harren net as Italjanen seagen, waarden hja hurd troffen troch de Italjaanisearringspolityk fan Itaalje. Ampezo waard losmakke fan [[Súd-Tirol]] en by de provinsje Belluno taheakke en waard sûnt dy tiid Cortina d'Ampezzo neamd. Yn de stêd waard in grut monumint oprjochte foar de fallen Italjaanske soldaten, mar der mocht gjin monumint komme foar de fallen soldaten út Ampezo sels omdat dy oan Eastenrykske kant fochten hiene. Pas yn 1998, tachtich jier nei de oarloch, kaam der tastimming om in monumint foar de fallen soldaten op te rjochtsen. Nei de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] sleat Cortina d´Ampezzo him by it stribjen fan Súd-Tirol oan om him wer by Eastenryk oan te sluten. Dat hie arrestaasjes ta gefolch. Men woe dêrnei op syn minst wer ûnderdiel wurde fan de provinsje Súd-Tirol. Op 29 oktober 2007 mocht der in referindum hâlden wurde. De útslach wie dat 78% foar oansluting by Súd-Tirol wie. Lykwols laten de protesten fan de provinsjes Belluno en de regio Feneto der ta dat der gjin gehoar oan jûn waard. Wichtichste reden wie dat lêstneamde regio in wrâldbekend toeristeplak ferlieze soe.
 
== Ferskaat ==