Nasjonaal Park Skiermûntseach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 19:
 
==Skiednis==
Yn 'e [[skiednis|histoaryske]] annalen waard Skiermûntseach foar it earst neamd yn [[1296]], doe't it bekend stie as ''Wervmeraeghe'', oftewol "Wierumereach". Dat lit sjen dat it eilân doedestiden folle westliker lei as tsjintwurdich. Troch it oanhâldende "[[wanneljen fan in eilân|wanneljen]]" fan Skiermûntseach nei it easten ta hat men troch de ieuweniuwen hinne ferskate kearen it doarp opbrekke en nei it easten ta ferpleatse moatten doe't it oan 'e westkant fan it eilân yn see drige te bedarjen. De lêste kear dat dat barde, wie yn 'e [[achttjinde ieuiuw]]. Syn hjoeddeistige namme tanket Skiermûntseach oan 'e [[Sistersiënzers|Sistersiënzer]] [[mûnts]]en, dy't fanwegen har grize [[pij]]en ek wol "skiere mûntsen" neamd waarden. De Sistersiënzers fan it [[kleaster]] [[Klaarkamp]], by [[Rinsumageast]], dat yn [[1165]] stifte wie, rekkenen yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] nammentlik it eilân, dêr't se in úthôf hiene, ta it besit fan har kleaster.
 
As tsjerklik goed kaam Skiermûntseach sadwaande yn [[1580]], doe't yn [[Fryslân]] de [[Reformaasje]] trochfierd waard, ûnder bestjoer fan 'e [[Steaten fan Fryslân]]. Dy ferkochten it yn [[1640]], en sa waard it eilân partikulier besit, dat ieuwenlangiuwenlang fan 'e iene eigner op 'e oare oergie. Party fan dy lju seagen alhiel net nei Skiermûntseach of syn bewenners om, mar oaren diene dat wol. Sa liet mr. [[John Eric Banck]] yn [[1887]] op eigen kosten de Badwei nei it strânhotel oan 'e noardkust oanlizze en bestrjitsje. Uteinlik kaam Skiermûntseach yn [[1893]] yn eigendom fan 'e [[Dútslân|Dútske]] greve fan [[Bernstorff-Wehningen]]. Dyselde en syn erfgenamten setten har ek aktyf yn foar de wolfeart fan it eilân en syn bewenners, û.m. troch it prille [[toerisme]] te stimulearjen en mei de oanplant fan [[nullebosk]]en yn 'e [[dún|dunen]] benoarden it doarp, om 'e [[sânferstowing]] tsjin te gean.
[[File:Kwelder op Schiermonnikoog.JPG|right|thumb|250px|In [[kwelder]].]]
 
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard Skiermûntseach troch de Nederlânske steat konfiskearre, mei't it fanwegen syn Dútske eigner foar fijanlik besit oanmurken wie. Yn dy tiid wie it easten fan it eilân, de [[Balch]], it gebiet foarby de [[Kobbedunen]], noch ien grutte keale [[sân]]flakte, dêr't de [[wyn (waar)|wyn]] frij spul hie. Allinnich lei noch 6 km eastliker it isolearre [[Willemsdún]]. Oan 'e ein fan jierren fyftich waard úteinset mei de oanlis fan in stodyk tusken peal 7 en peal 10, dy't der yn 'e mande mei guon legere dúntsjes fierderop foar soarge hat dat de [[Easterkwelder (Skiermûntseach)|Easterkwelder]] him oant fier foarby it Willemsdún útwreidzje kinnen hat. Letter waarden der fral op it westlike part fan it eilân in grut tal [[fytspaad|fyts]]- en [[kuierpaad|kuierpaden]] oanlein. Yn [[1989]] waard it Nasjonaal Park Skiermûntseach oprjochte, dat de kwetsbere [[natoer]] fan it eilân foargoed in beskerme status jaan moast. Yn 't earstoan wiene fral de Skiermûntseachster [[boer]]en dêr hielendal gjin foarstanner fan, mar nei in fearnsieufearnsiuw hat bliken dien dat beskerme natoer en yntinsive lânbou njonkeninoar op it eilân bestean kinne.
 
==Lânskippen==