Dieretún: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Untwikkeling ==
Histoarysk komt de dieretún fuort út 'e [[menazjery]]en fan frjemde bisten dy't keningen en oare lju fan [[adel]] yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] wol opbouden. De âldste noch besteande dieretún, ''[[Tiergarten Schönbrunn]]'', yn 'e [[Eastenryk]]ske haadstêd [[Wenen]], begûn ek as sa'n menazjery, yn [[1752]], doe't er stifte waard yn opdracht fan keizer [[Frâns I, hillich Roomsk keizer|Frâns I fan Dútslân]], de man fan [[Marije Teresa fan Eastenryk]]. Foarhinne wiene dieretunen poer in foarm fan [[minske|minsklike]] ferdivedaasje, wêrby't hoegenamt gjin rekken holden waard mei it wolwêzen fan 'e bisten, dy't faak yn fiersten te lytse koaien holden waarden oant se weikwûnen en deagiene. Sûnt de midden fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] binne datsoarte fan dieretunen lokkigernôch fierhinne útband, al komme se fral yn ûntwikkelingslannen noch altyd wol foar. Ek de lytse saneamde ''[[roadside zoo]]s'' fan 'e Feriene Steaten, dy't oan gjin inkele regeljouwing bûn binne, hearre lykwols yn 'e regel ta dit slach dieretún.
 
De moderne dieretún lit him faak leaver fan "dierepark" of "soo" of sokssawat neame, om 'e assosjaasje mei de minne âlde tiid tsjin te gean. De bisten krije op 't heden ornaris alle romte dy't se brek binne om in ridlik noflik bestean te lieden, en boppedat betinkt men allegeduerigen nije dingen om se wat te jaan om út te finen. Sa wurdt faak it fretten dat se krije op ynvintive manearen ferstoppe of op dreech berikbere plakken weibrocht, sadat de bisten al har fernimstigens brûke moatte om oan 'e kost te kommen, sa't se dat yn it wyld ek dwaan moatte soene. Njonken de bettere libbensomstannichheden foar de bisten is minsklike ferdivedaasje ek net mear it wichtichste doel fan moderne dieretunen, mar mear in middel ta in doel: dieretunen profilearje har tsjintwurdich fral as ynstellings dy't oan 'e iene kant it publyk wat bybringe wolle, wylst se oan 'e oare kant djip behelle binne yn 'e bewissiging fan it oerlibjen fan bedrige bistesoarten.