Mannekên: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 2:
In '''mannekên''' is in persoan (faak in frou, mar ek wol in man), dy't ''[[haute couture]]'' sjen lit troch ûnder in [[moadeshow]] op en del te paradearjen op in ''[[catwalk]]'', yn 'e regel mei in aparte, elegante manear fan rinnen.
 
It wurd "mannekên" komt oarspronklik fan it [[Midnederlânsk]]e ''mannekijn'', dat "mantsje" betsjut. Dat wie yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] yn [[Flaanderen]] (dat doe it sintrum fan 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] ''haute couture'' wie) de oantsjutting foar de houtene pop dy't kleanmakkers brûkten om harren moade-ûntwerpen loskes mei spjelden op te befêstigjen foar't it echte naaiwurk begûn. It wurd bedarre as [[lienwurd]] yn it [[Frânsk]], dêr't it ferbastere waard ta ''mannequin''. Yn dy foarm waard it troch de grutte ynfloed fan 'e Frânske taal oer de hiele wrâld ferspraat (en sa kin it dat it [[Ingelsk]]e wurd ''mannequin'' tsjintwurdich "[[etalaazjepop]]" betsjut). It wurd kaam lykwols ek werom út it Frânsk yn it [[Nederlânsk]] (in foarbyld fan it ferskynsel [[werûntliening]]), dêr't it fan betsjutting feroare en in namme foar in spesifyk soarte fan [[model (berop)|model]] waard. En fanút it Nederlânsk kaam it as "mannekên" yn it [[Frysk]] telâne.
 
[[Kategory:Model]]