Ferskil tusken ferzjes fan "Skriller"

gjin bewurkingsgearfetting
(Nedige side)
 
It meast foarkommende subsjenre fan 'e skriller is de misdieskriller, dy't in tige grutte oerlaping hat mei it [[detektiveferhaal]]. Oare bekende subsjenres binne [[psychology]]ske skrillers (ferbyldt er it him no of net?), eroatyske skrillers en spionaazjeskrillers, dy't in fiktyf byld jouwe fan [[spionaazje]]praktiken.
 
Op it mêd fan 'e literatuer wurdt de [[Aldgryksk]]e ''[[Odyssee]]'', fan [[Homêros]], beskôge as in ier prototype fan 'e skriller, al sille de measte minsken dêr net daliks oan tinke as it oer dit ûnderwerp giet. Ek yn it [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] ''[[Mahābhārata]]''-[[epos]] wurdt op plakken in oan 'e skriller besibbe ferteltechnyk brûkt. It [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] [[mearke]] ''[[Readkapke]]'' is al in dúdliker foarbyld fan 'e skriller, mar it literêre sjenre sa't dat hjoed de dei bestiet, ûntjoech him pas fan 'e sechstiger jierren fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] ôf. ''The Bourne Identity'', fan [[Robert Ludlum]], út [[1980]], is ien fan earste skrillers dy't yn 'e moderne styl skreaun is. In hiel resint foarbyld fan it sjenre is de gearspanningsskriller ''[[Inferno (boek)|Inferno]]'', fan [[Dan Brown]], út [[2013]].
 
Wat films oangiet, stie de ferneamde [[regisseur]] [[Alfred Hitchcock]] bekend om syn skrillers, lykas de klassiker ''[[Psycho (film út 1960)|Psycho]]'', út [[1960]], oer in sûnderlinge, troch syn mem obsedearre moteleigner dy't syn froulike gasten fermoardet. In oare ferneamde film fan it skrillersjenre wie [[Clint Eastwood]] syn rezjydebút, ''[[Play Misty for Me]]'', út [[1971]], oer in radio-d.j. dy't stâlkt wurdt troch in geastlik sike froulike fan. In resinter foarbyld is it mannichfâld bekroande ''[[The Silence of the Lambs (film)|The Silence of the Lambs]]'', út [[1991]], mei [[Jodie Foster]] en [[Anthony Hopkins|sir Anthony Hopkins]], oer in geastlik sike [[searjemoardner]] dy't efter de hakken sitten wurdt troch in jonge [[FBI]]-aginte.
10.424

bewurkings