Evangeelje fan Pseudo-Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
| skreaun = [[700]] – [[725]]
}}
It '''''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus''''', ek wol bekend as it '''''Berne-evangeelje fan Mattéus''''', is in ferlern giene en algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. De wiere namme fan dit wurk, sa't dy yn 'e [[Aldheid]] brûkt waard, wie ''It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser''. It is in [[berne-evangeelje]], in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]] dy't yn 'e [[kanonike evangeeljes]] fan ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' en ''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' oanhelle wurde. Fierders is it in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Mattéus (apostel)|Mattéus]], dat neffens it ûndersyk troch J. Gijsel en R. Beyers, út [[1997]], wierskynlik datearre wurde moat yn it earste fearn fan 'e [[sânde ieuiuw]].
 
==Ynhâld==
It eigentlike ferhaal fan it berne-evangeelje wurdt foarôfgien troch in briefkerij tusken de tsjerkfaar [[Hieronymus fan Stridon]] en de [[biskop]]pen Komatius en Heliodoarus, wêryn't dy beide Hieronymus oantrúnje om in ''"[[HebrieuskHebriuwsk]] boek, skreaun troch de hân fan 'e aldersillichste evangelist Mattéus"'', oangeande de berte fan 'e [[Faam Marije]] en de bernetiid fan Jezus, oer te setten yn it [[Gryksk]]. It folgjende (Gryksktalige) berne-evangeelje soe dus in oersetting wêze troch Hieronymus fan in wurk fan Mattéus, in bewearing dy't hjoeddeiske saakkundigen nei it lân der fabels ferwize. De teory dat Hieronymus it wurk sels skreaun hawwe soe, berêst nei alle gedachten likemin op wierheid.
 
De ynhâld fan it ''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus'' is fierhinne in redigearre werjefte fan it ''[[Berne-evangeelje fan Jakobus]]'', oangeande it libben fan Marije en de berte fan Jezus, folge troch in ferslach fan 'e [[Flecht nei Egypte]] (it is net dúdlik op grûn wêrfan't dat skreaun is), en einigjend mei de ferhalen oer de bernetiid fan Jezus en de wûndertekens dy't er doe ferrjochte, dy't basearre lykje te wêzen op it ''[[Berne-evangeelje fan Tomas]]''. Yn essinsje is it ''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus'' in (ridlik súksesfol) besykjen om 'e beskikbere ynformaasje út 'e neamde boarnen mei-inoar te fermingen. Dêropta binne der guon eleminten dy't allinnich mar yn ''Pseudo-Mattéus'' foarkomme, lykas de ierste fermelding fan 'e [[okse]] en de [[ezel]] as oanwêzigen yn 'e stâl te [[Betlehim]] dêr't Jezus berne waard. It ''Evangeelje fan Pseudo-Mattéus'' hie yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] grutte ynfloed, wat der de oarsaak fan is dat okse en ezel tsjintwurdich net mear fuort te tinken binne út it [[kryst]]ferhaal.
 
{{boarnen|boarnefernijing=