Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nev1 (oerlis | bydragen)
→‎Jonkheid yn Skotlân: File:Linlithgow Palace NW 03.jpg
Rigel 35:
===Jonkheid yn Skotlân===
Mei't Marije noch mar in poppe wie doe't hja de Skotske troan urf, moast der in [[regint]] oansteld wurde om it regear oer it lân waar te nimmen oant hja âldernôch wêze soe om it sels te bewurkmasterjen. Fan it begjin ôf oan waard dêrby tsierd oer wa't it regintskip tawiisd krije moatte soe. Oan 'e iene kant stiene de [[roomsk-katolisisme|roomsen]], dy't [[kardinaal]] [[David Beaton]] foarútskoden, en oan 'e oare kant stiene de [[protestantisme|protestanten]] foar wa't [[Jakobus Hamilton, 2e greve fan Arran|Jakobus Hamilton, greve fan Arran]] it regintskip opeaske. Arran, dy't nei Marije sels de twadde yn 'e line foar de troan wie, basearre syn oanspraak op in ferzje fan it [[testamint]] fan Jakobus V dat troch syn tsjinstanners oan kant reage waard as in ferfalsking. Likegoed wist hy mei help fan meistanners it pleit yn 't earstoan yn syn foardiel te besljochtsjen en regint te wurden. Dat duorre oant [[1554]], doe't keninginne-mem Marije fan Guise him út dy funksje ûntheft wist te krijen, wêrnei't se him sels opfolge.
[[File:Linlithgow_Palace_-_geograph.org.uk_-_1416190Linlithgow Palace NW 03.jpg|left|thumb|250px|Linlithgow Palace, dêr't Marije berne waard.]]
 
Underwilens besocht kening [[Hindrik VIII fan Ingelân]] om fan 'e Skotske swakte gebrûk te meitsjen om Skotlân foar iens en foar altyd los te weakjen fan syn âlde bûnsgenoat [[Frankryk]] (en it ynstee fêst te plakken oan [[Ingelân]]). Yn [[1543]] sleat er mei Arran-en-dy it [[Ferdrach fan Greenwich]], wêryn't fêstlein wie dat Marije mei tsien jier trouwe soe mei de Ingelske kroanprins [[Edwert VI fan Ingelân|Edwert]], wêrnei't se fierder ûnder syn eigen tafersjoch oan it Ingelske Hof grutbrocht wurde soe. Under de betingsten fan dit ferdrach soene Ingelân en Skotlân selsstannige lannen bliuwe, dy't lykwols in [[personele uny]] foarmen (krekt sa't yn [[1603]] ek wier-wier barre soe).