Jiskepûster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 39:
 
=== Ierste ferzjes ===
De skiednis fan ''Jiskepûster'' giet werom oant de [[Klassike Aldheid]], doe't yn 'e earste ieuiuw f.Kr. in soartgelikens ferhaal optekene waard troch de [[Grikelân|Grykske]] [[histoarikus|skiedskriuwer]] [[Strabo]] yn syn ''Geographica'' (Boek 17, 1.33). Dat ferhaal, oer de Gryksk-Egyptyske faam Rhodopis ("Readwankje"), dy't yn 'e Grykske koloanje [[Naucratis]], yn 'e [[Nyl]]delta, wenne, wykt gâns ôf fan it moderne ''Jiskepûster'', mar dochs komme alle kritike eleminten fan in jongfaam, in prins (of yn dit gefal kening) dy't trouwe wol en in skoechje (yn dit gefal sandaal) deryn foar. Dit wurdt sadwaande ornaris as de âldste oerlevere foarm fan it mearke beskôge, al is it út syn geskriften dúdlik dat de grutte Grykske skiedskriuwer [[Herodotus]] yn 'e sechsde ieuiuw f.Kr. al bekend wie mei it ferhaal fan Rhodopis. Nei Strabo syn tiid dûkt itselde ferhaal wer op by [[Klaudius Aelianus]] (±[[175]]–±[[235]] n.Kr.), wat oantoant dat it de hiele Aldheid troch populêr bleau.
 
Behalven út 'e Westerske Aldheid binne der ek ferzjes fan ''Jiskepûster'' bekend út [[Sina]] (''Ye Xian'', út likernôch [[860]]), de [[Filipinen]] (''Mariang Alimango''), [[Fietnam|Fjetnam]] (''Tấm Cám'') en [[Koreä (skiereilân)|Koreä]] (''Kongjwi en Patjwi''). Yn it [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] [[Araabje|Arabyske]] ''[[It Boek fan Tûzen en Ien Nacht|Boek fan Tûzen en Ien Nacht]]'' steane ferskate ferhalen dy't fierhinne oerienkomme mei ''Jiskepûster'', wêrûnder ''It Ferhaal fan 'e Twadde Sjeik'', ''It Ferhaal fan 'e Twadde Frouwe'' en ''Abdallah ibn Fadil en Syn Bruorren''. Guon aspekten fan it ''Jiskepûster''-ferhaal binne mooglik ôfkomstich út 'e ''[[Historia Regum Brittaniae]]'', fan [[Geoffrey fan Monmouth]], wêryn't it ferhaal fan 'e trije dochters fan kening Liir ferteld wurdt (dat letter, sij it sûnder it oarspronklike ''happy end'', werferteld waard troch [[William Shakespeare]] yn syn [[toanielstik]] ''[[Kening Lear]]'').
 
=== Giambattista Basile ===
In [[Itaalje|Italjaanske]] ferzje, ûnder de titel ''Cenerentola'', waard oan it begjin fan 'e santjinde ieuiuw optekene troch de [[Napels (keninkryk)|Napolitaanske]] ofsier en oerheidsfunksjonaris [[Giambattista Basile]], yn syn ''Lo Cunto de li Cunti'' ("It Ferhaal der Ferhalen"), better bekend as de ''[[Pentamerone]]'', dy't postúm publisearre waard yn [[1634]]. Yn dat ferhaal wurdt Zezolla (Jiskepûster) tramtearre troch seis styfsusters en jout in goede [[fee (mytysk wêzen)|fee]] har heit in stikmannich geskinken om oan har te jaan. Ek kriget se hjir de klean en skuon net fan in fûgeltsje, mar fan in fee dy't yn 'e beam wennet. Fierders is it grutdiels gelyk oan de ferzje fan 'e bruorren Grimm.
 
=== Charles Perrault ===