Fantasy (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
==Skiednis==
It is dreech om te sizzen wannear't fantasy as in literêr sjenre krekt ûntstien is. Men soe safier weromgean kinne as it [[Sûmearje|Sûmearyske]] ''[[Epos fan Gilgamesj]]'', dat om 2100 f. Kr. al bestie, en fia [[Homêros]] syn ''[[Odyssee]]'', it [[Yndia|Yndyske]] ''[[Ramayana|Rāmāyaṇa]]'', it [[Araabje|Arabyske]] ''[[It Boek fan Tûzen en Ien Nacht|Boek fan Tûzen en Ien Nacht]]'', it [[Angelsaksen|Angelsaksyke]] ''[[Beowulf]]''-epos en de [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] [[Arthurleginde]]n, lykas ''[[Hear Gawain en de Griene Ridder]]'', útkomme kinne by de [[mearke]]s fan 'e [[bruorren Grimm]]. Sels [[kristendom|trochkristlike]] wurken as ''[[De Godlike Komeedzje]]'' en [[toanielstik]]ken fan [[Shakespeare]] as ''[[In Midsimmernachtdream]]'' soene ûnder sa'n wide betsjutting te beflappen wêze.
 
Men is lykwols ornaris fan tinken dat fantasy yn 'e moderne sin fan it wurd begûn is mei [[George MacDonald]], de njoggentjinde-ieuskeiuwske [[Skotlân|Skotske]] [[auteur]] fan boeken as ''[[The Princess and the Goblin]]'' en ''[[Phantastes]]''. It earste fantasyboek foar bern wie ''[[The King of the Golden River]]'', út [[1841]], fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] skriuwer [[John Ruskin]], wylst MacDonald syn ''Phantastes'' algemien beskôge wurdt as de earste fantasy[[roman]] foar folwoeksenen. Njonken MacDonald wie de Ingelske [[dichter]] [[William Morris]] de oare grutte fantasyskriuwer fan 'e njoggentjinde ieuiuw, mei û.m. ''[[The Well at the World's End]]''.
 
Nettsjinsteande it súkses fan sawol MacDonald as Morris begûn fantasy pas de lêste desennia fan 'e njoggentjinde en de earste fan 'e tweintichste ieuiuw in wat grutter publyk te berikken, troch it wurk fan skriuwers as [[Herbert George Wells]] en [[Edward Plunkett, 18de baron Dunsany|Lord Dunsany]]. Yn 't earstoan wie fral it saneamde "ferlerne wrâld"-subsjenre populêr, dat ta utering kaam yn boeken as ''[[King Solomon's Mines]]'' ([[1885]]), fan [[H. Rider Haggard]], en ''[[The Lost World]]'' ([[1912]]), fan [[Arthur Conan Doyle]], al ûntstie doe ek de saneamde [[kontemporêne fantasy]], mei de roman ''[[Dracula]]'' ([[1897]]), fan [[Bram Stoker]]. Fierders waarden yn dyselde tiid ek guon fantasyberneboeken publisearre dy't no as klassikers beskôge wurde kinne, lykas ''[[Alice's Adventures in Wonderland]]'' ([[1865]]), fan [[Lewis Carroll]], ''[[The Wonderful Wizard of Oz]]'' ([[1900]]), fan [[L. Frank Baum]], en ''[[Peter Pan]]'' ([[1911]]), fan [[J.M. Barrie]]. Sterker noch, fantasy foar bern genoat yn dy snuorje in gruttere maatskiplike akseptaasje as fantasy foar folwoeksenen. Auteurs dy't fantasy skriuwe woene, wiene sadwaande suver twongen om harren wurk oan bern oan te passen.
 
Yn [[1923]] waard ''Weird Tales'', it earste fantasytydskrift, oprjochte, folge troch withoefolle oaren. De tweintiger oant en mei de fyftiger jierren foarmen de heechtijdagen fan it pulpmagazine en dat spile in krúsjale rol by it ûnder de oandacht bringen fan fantasy by in breder publyk en fral ek by de jongere generaasjes, sawol yn 'e [[Feriene Steaten]] as yn [[Grut-Brittanje]]. Dyselde tydskriften wiene ek ûnmisber foar de opkomst fan science fiction, en it wie yn dy tiid dat de beide sjenres foar it earst mei-inoar assosjearre rekken.
 
It wiene fral de midsieuskigemidsiuwskige fantasysubsjenres ''[[sword and sorcery]]'' ("swurd en tsjoenderij") en [[hege fantasy]], dy't úteinlik trochbrieken ta in wrâldwiid publyk. ''Sword and sorcery'' mei it ikoanyske ''[[Conan the Barbarian]]'' ([[1930]]), fan 'e Amerikaanske skriuwer [[Robert E. Howard]], en hege fantasy mei [[J.R.R. Tolkien]] syn ûnoertroffen ''[[The Lord of the Rings]]'' ([[1954]]-[[1955]]). Ferskate oare klassike fantasywurken kamen om deselde tiid hinne út, lykas ''[[The Chronicles of Narnia]]'', fan [[C.S. Lewis]], en [[Ursula Le Guin]] har [[Earthsea-kwartet|''Earthsea''-kwartet]].
 
Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieuiuw is fantasy in folwoeksen en fêstige sjenre mei sawol in ynternasjonaal literatueroanbod as in ynternasjonaal lêzerspublyk. Hichtepunten út 'e lêste desennia binne (om mar in lytse greep te dwaan): de ''[[Harry Potter]]''-searje fan [[J.K. Rowling]], de [[Wheel of Time-searje|''Wheel of Time''-searje]] fan [[Robert Jordan]], de [[Kushiel's Dart-trilogy|''Kushiel's Dart''-trilogy]] fan [[Jacqueline Carey]], de [[Chalion-syklus|''Chalion''-syklus]] fan [[Lois McMaster Bujold]] en de roman ''[[Under Heaven]]'' fan [[Guy Gavriel Kay]]. In subsjenre dat de lêste tsien jier tige yn populariteit oanwûn hat, is dat fan 'e ''[[urban fantasy]]'', wêrby't de ferhalen tsjin in stedske eftergrûn spylje, gauris yn ús eigen wrâld. Foarbylden dêrfan binne de ''Anita Blake''-rige fan [[Laurell K. Hamilton]], de ''Dresden Files'' fan [[Jim Butcher]] en de ''Mercy Thompson''-rige fan [[Patricia Briggs]].
 
==Oare media==