Fransiskanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Hy sammelt in groep fan tolve learlingen om him hinne dy't hy nei [[Rome]] liedt. Yn Rome freget hy om de segen fan Paus Innocentius III. De [[paus]] jout harren syn segen, op kondysje dat de leden fan de oarder geastliken wurde en in oerste oanstelle. Fransiskus wurdt lieder. De leden fan de religieuze groepearring trekke rûn as prekers en tsjinstferlieners en libje yn earmoede en soberheid. It oantal leden groeit.
Nei de dea fan Fransiskus yn [[1226]] wurdt de basilyk en byhearrende kleaster yn Assisy boud. De paus ferklearret him hillich yn [[1227]]. Noch yn deselde ieuiuw telt de oarder mear as tritichtûzen folgelingen.
De Fransiskanen groeie yn hiel Europa út ta in wichtich ynstitút. Yn de sechtjinde ieuiuw wurdt de oarder yn twaën splitst: de konventuelen en de observanten. Letter splitst in tredde groep him ôf, dy fan de [[Kapusinen]].
Neffens de twadde regel fan Fransiskus, dy't yn [[1223]] troch de paus goedkard wurdt, binne hearrichheid, earmoede en keinens de deugden fan de Fransiskanen. De froulike staach wurdt nei [[Klara fan Assisy|Klara]], in tiidgenoat fan Fransiskus, [[Klarissen]] neamd. Fjouwer roomsk-katolike pausen komme út de oarder fan de Fransiskanen.
De oarder fan de Fransiskanen spilet in wichtige rol yn de joadeferfolging. Yn de MidsieuwenMidsiuwen preekje de Fransiskanen tsjin de [[joaden]]. Ek sette se har mei de oarder fan de [[Dominikanen]] yn foar it tapassen fan de [[Ynkwisysje]] tsjin joaden. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] wurkje East-Europeeske leden fan de oarder aktyf mei de nazy's gear by de útroegng fan it joadendom. <ref>Sjoch: ''Hitlers vrome paus'' , http://www.gebladerte.nl/10701f42.htm</ref>
Ek yn it [[Israël]] fan no binne de Fransiskanen aktyf: nammens de rk-tsjerke beheart de oarder der in oantal kristlike hillige plakken, lykas de Hôf fan Getsemané. Fanút dat belang set de groep him yn om it toerisme nei Israël te befoarderjen. Sa ropt de oarder leauwigen op in pylgertocht nei it Hillige Lân te ûndernimmen.
Rigel 21:
* [http://www.kapucijnen.com/ Kapusinen yn Nederlân]
* [http://www.ofm.org/ Fransiskanen wrâldwiid]
* [http://www.franciscan-archive.org Franciscan Archive: Ingelse website mei midsieuskemidsiuwske dokuminten en teksten fan bekende Fransiskanen]
* http://www.papuaerfgoed.org/nl/zeventig_jaar_franciscanen_in_papua
----