Grêfskrift: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
[[]]
Rigel 1:
In '''grêfskrift''' of '''[[epitaaf]]''' is eenin koart [[gedicht]] of inkele sinnen dy't wijd binne oan de ferstoarne en op de [[grêfstien]] gravearre binne - it liket dêryn op in [[epigram]]. Meastentiids wurdt de ferstoarne eare mei it grêfskrift. Faak ek wurdt in Bibeltekst op it grêf opnomd, of allinnich de letters ''R.I.P'' (''Requiescat in pace'', [[Latyn]] foar 'rêst yn frede').
 
Grêfskriften wurde yn Fryslân al lang samle. Sa steane se bygelyks yn de ''Skoalmastersboekjes'' (1858-1859) en yn ''Friesche Oudheden'' en der is in kolleksje R.-baron van Breugel Douglas. Yn de topografyske atlas fan it [[Frysk Genoatskip]] steane tekeningen fan [[Albert Martin|A. Martin]]. Yn de [[20e iuw]] samlen [[Nicolaas Jan Waringa|N.J. Waringa]], A.L. Heerma van Voss, D.D. Osinga, en [[Jan Belonje|J. Belonje]]. De grêfskriften dy't foar bygelyks [[genealogy]], [[heraldyk]], keunsthistoarje en doarpsskiednis fan belang binne wurde samle troch it [[Genealogysk Wurkferbân]] fan de [[Fryske Akademy]]. Nei [[1950]] ferskynden al bondels oer [[Achtkarspelen]], [[It Bilt]] en Ljouwert Galileeërtsjerke.
 
Yn novimber 2007 is by útjouwerij Van Wijnen ''Friezen uit vroeger eeuwen'' ferskynd. Yn it boek fan mear as 1000 siden wurdt troch auteur [[Hessel de Walle]] ûnder oaren in oersjoch jûn fan sa goed as alle grêfskriften út Fryslân fan foar 1811. Op 'ede websidehiemside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: [http://www.walmar.nl/inscripties.asp ''Friezen uit vroeger eeuwen'']
 
== Keppeling om utens ==