Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaat
Rigel 1:
[[Ofbyld:BalthasarBekker.gif|right|thumb|Tekening út 1691 troch [[Joh. Hilarides]]]]
[[Ofbyld:Monumint Bathasar Bekker, Mitselwier.JPG|thumb|right|''Monumint Balthasar Bekker yn Mitselwier'']]
[[File:Bekker - Betoverde weereld.jpg|thumb|Titelside fan de ''De betoverde weereld'']]
 
'''Balthasar Bekker''' ([[Mitselwier]], [[20 maart]] [[1634]] – [[Amsterdam]], [[11 juny]] [[1698]]) wie in [[Nederlân]]sk predikant en [[Teology|teolooch]], in bestrider fan [[byleauwe]] en ien fan de foarriners fan de [[Ferljochting]].
 
Rigel 14:
 
<!--[[Ofbyld:Bekker.jpg|left|thumbTitelblêd fan ''De betoverde weereld'']]-->
Yn [[1691]] skreau Bekker in bestseller: ''De betoverde weereld'' (''De betsjoende wrâld''). Hjiryn fersette hy him krêftich tsjin de bul, útfeardige troch [[Paus Innosentsius VIII]] en it bestean fan [[tsjoenster]]s, [[spûk]]en en [[duvel]]s. Hy luts tsjin it idee fan [[besetenheid]] troch de duvel fan lear - ôfkomstich fan [[Plato (filosoof)|Plato]] en [[Hippokrates]] - in destiids revolúsjonêre gedachte. Ek it bestean fan de duvel sels luts hy yn twifel. [[Tsjoenderij]] wie foar Bekker in ûnútputlike boarne fan humor en spot. Nei de ferskining fan it boek stie de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] te skodzjen op har grûnfêsten. Yn twa moannen tiid waarden 4.000 eksimplaren ferkocht. Der ferskynden twahûndert boeken en pamfletten, wêrfan trije yn it [[Latyn]]. Yn 1693 ferskynde in Dútske, yn 1694 in Frânske en yn 1695 in Ingelske oersetting.
 
Syn opfettings brochten him yn konflikt mei tsjerklike autoriteiten. It waard him ûnmooglik makke te preekjen. Bekker waard yn 1692 útsluten fan it [[Jûnsmiel]] en ôfsetten as predikant. Hy hold syn traktemint, wierskynlik krige hy beskerming fan de boargemasters [[Nicolaes Witsen]] en [[Johannes Hudde]]. [[Erich Walten]], in út [[Hamm]] ôfkomstige studint en masterlik pamfletskriuwer, ferdigene him, mar ek [[Romeyn de Hooghe]]. Walten waard opsluten yn de [[Finzenenoarte (Den Haach)|Finzenpoarte]] yn Den Haach en plege mooglik selsmoard. Bekker wenne in oantal jierren by syn soan op de Hinnemastate, wat ten easten fan [[Jelsum]]. Balthasar Bekker besocht noch in pear kear om talitten te wurden ta it jûnsmiel, yn Jelsum en yn Weesp.