Albert Plesman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Prime_Minister_Ali_Sastroamidjojo_and_the_founder_of_KLM_Albert_Plesman.jpg" is op Commons fuorthelle Fastily om't: No source since 2 February 2015: you may re-upload the file, but please cite the file's sou
foto, opmaak
Rigel 1:
[[OfbyldFile:Albert Plesman 03(1953).jpg|thumb|right|''Búste fan Albert Plesman opyn [[Skiphol]].''1953]]
[[Ofbyld:Albert Plesman 03.jpg|thumb|Búste fan Albert Plesman op [[Skiphol]]]]
[[Ofbyld:Beeld van Albert Plesman aan de Plesmanweg Den Haag.JPG|thumb|right|''Stânbyld fan Albert Plesman, fan [[Mari Andriessen]], by it eardere KLM-haadkantoar oan de Plesmanwei yn De Haach.'']]
'''Albert Plesman''' ([[De Haach]], [[7 septimber]] [[1889]] – dêre, [[31 desimber]] [[1953]]) wie in [[Nederlân]]sk [[loftfeartpionier]] en meioprjochter fan de [[Keninklike Loftfeart Maatskippij|KLM]].
 
== Libben en wurk ==
Hy waard berne as soan fan in aaihanneler út De Haach. Op skoalle foel Plesman al op troch syn earsucht, kriich en belangstelling foar [[wiskunde]], natuerwittenskip en [[sport]]. In man dy't wist wat er woe, lykwols ek ûnbûchsem en in stiifkop neffens guonts.
 
Yn [[1915]] wie er as beropsoffisier legere yn [[Soesterberch]] dêr't de ''militaire luchtvaartafdeling'' (LuVA) doe har basis hie. Hy helle dêr ek yn [[1918]] syn militêr [[fleanbrevet]]. Plesman fernaam al rillegau dat er dochs mear in sakeman as fleander wie.
 
== =Oprjochting KLM===
Nei de [[Earste Wrâldkriich]] wie er mei-organisator fan de [[ELTA]], de ''Eerste Luchtvaart Tentoonstelling Amsterdam'', dy't fan 1 augustus oant 15 septimber [[1919]] hâlden waard en dêr't leafst 800.000 minsken op ôf kamen. Foar de útstalling wiene mânske hallen boud, dy't nei it evenemint troch [[Anthony Fokker]] brûkt waarden foar syn lettere bedriuw, [[Fokker (bedriuw)|Fokker]] fleanmasinefabryk te Amsterdam-noard.
 
Op 17 oktober [[1919]] hat soks ek mei laat ta de oprjochting fan de fennoatskip ''Koninklijke Luchtvaart-Maatschappij voor Nederland en Koloniën'' ([[Keninklike Loftfeart Maatskippij|KLM]]), dêr't Plesman direkteur fan waard. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Plesman beneamd ta presidint-direkteur fan de KLM. Hy makke der in florearjend bedriuw fan mei ynternasjonale alluere. Plesman pleite om'e nocht foar it ferpleatsen fan [[Lofthaven Skiphol|Skiphol]] nei in plak yn de omkriten fan [[Burgerveen]].<br />
 
Syn fertsjinsten foar de ynternasjonale [[boargerloftfeart]] waarden postúm beleanne yn [[1959]] mei de earste [[Edward Warner]]-medalje.
 
== =Nyenrode ===
Yn 1942 wie Plesman finzene yn [[Skeveningen]] en tocht nei oer de takomst. "Jongens van Energie, Kennis en Daad" soene tige nedich wêze foar de weropbou fan it lân. Mei op Plesmans inisjatyf waard koart nei de oarloch kastiel [[Nyenrode]] yn [[Breukelen (Utert)|Breukelen]] hierd fan de widdo Goudstikker en koe de earste [[business school]] fan Nederlân yn it neijier fan [[1946]] iepene wurde troch [[Prins Bernhard]].
 
== De Rânestêd ==
Albert Plesman wie de betinker fan de namme [[Rânestêd]]. It ferhaal wol dat dat barde doe't er socht nei in gaadlike lokaasje foar in nasjonale [[loftthaven]]. Fleanend boppe it westen fan Nederlân seach er ''een ring van steden aan de rand van een grote groene ruimte'', dy't er letter Rânestêd neamde.
 
== Hûshâlding ==
Line 28 ⟶ 27:
 
Appie Plesman (1922) wennet yn [[Rome (stêd)|Rome]]. Pia Plesman (1924-2000) troude op 'e nij mei F. Smithuysen.
 
== Ferskaat ==
Albert Plesman wie de betinker fan de namme [[Rânestêd]]. It ferhaal wol dat dat barde doe't er socht nei in gaadlike lokaasje foar in nasjonale [[loftthaven]]. Fleanend boppe it westen fan Nederlân seach er ''een ring van steden aan de rand van een grote groene ruimte'', dy't er letter Rânestêd neamde.
 
 
[[Kategory:Nederlânsk loftfeartpionier|Plesman, Albert]]