Hannelsposten fan de VOC yn it Midden-Easten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:VOC-Middenoosten.jpg|thumb|right|350px|Hannelposten fan de VOC yn it Heine-Easten]]
Yn de [[17e ieuiuw]] en [[18e ieuiuw]] wienen der ferskate '''hannelsposten fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) yn it [[Midden-Easten]]'''. Neist de [[Portugal|Portugezen]] wie de [[Feriene Eastyndyske Kompanjy|VOC]] de iennige westerske macht dy't yn dit gebiet hannele. Der waard fral hannele yn [[pearel|pearels]], [[roaze-oalje]], [[Side (tekstyl)|side]], [[wol]], [[Arabyske gom]] en [[wijreek]]. Doe't de lêste festing ([[Kharg]]) yn [[1766]] troch it Perzyske leger ferôvere waard, ferlieten de Nederlanners dy kontreien foar altyd.
 
== Stêden dêr't de VOC siet ==
Rigel 6:
[[Ofbyld:Mocha1692.jpg|thumb|right|350px|Gesicht op Mokka yn 1692]]
Dizze [[faktorij|faktorijen]] stienen ûnder [[Suratte]] yn [[Yndia]]
*''' [[Mokka (Jemen)|Mokka]]''' - Yn [[1621]] waard dêr in hannelspost iepene. De hannel waard lykwols behindere troch politike ferhâldingen, earst wie de VOC ôfhinklik fan [[Turken|Turkske]] machthawwers, letter fan Arabyske Jemeniten. It slagge de VOC mar min, ek net troch geweld, om har hannelsposysje te ferbetterjen. Doe't begjin [[18e ieuiuw]] de fraach nei Mokka-kofje tanaam gong it better en krige de post yn [[1707]] selsbestjoer ûnder [[Batavia]] (yn't plak fan [[Suratte]]). Yn [[1739]] waard de post ophefd, mar de hannel bleau wol. De kofje waard ruile foar kwat (in ferdôvjend middel), speserijen en porselinen kofjekopjes.
 
*'''[[Aden (stêd)|Aden]]''' - Hie tusken [[1614]] en [[1620]] in Nederlânske hannelspost dêr't speserijen ferkocht wurde soenen tsjin kontant jild, wat nedich wie om goed yn Suratte te keapjen. Troch oarloggen tusken de [[Ottomaanske Ryk|Turken]] en Jemeniten woe de hannel net flotsje en wie it dêr hurd dien.
Rigel 38:
*'''[[Qishm|Kismus]]''' - Al yn [[1645]] besocht de VOC it fort fan dy stêd te feroverjen. De stêd wie nammentlik fan belang foar de oanfier fan nôt nei de stêd Gamron. Sa soe de kompanjy de stêd yn feilichheid bringe en betingsten foar de hannel ôftwinge kinne. Yn [[1684]] slagge it wol om it fort te besetten. Hoe lang at de VOC dêr sitten hat is net bekend.
 
*'''[[Shiraz (Iran)|Shiraz]]''' - Yn Sjiraz hie de VOC oant [[1730]] in wynhûs dêr't wyn makke waard. Dit hûs wie har yn de [[17e ieuiuw]] skonken. Teffens wiene der yn de stêd tuskenhannelers foar de VOC.
 
=== Irak ===