Bad Nijeskâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
 
== Skiednis ==
Troch oerstreamingen binne yn de 14e en [[16e ieuiuw]] grutte lapen lân troch de [[Dollard]] ferswolge. Sûnt waard úteinsetten mei it weromdriuwen fan de see, troch [[polder|ynpoldering]] en it befoarderjen fan oanslykjen. Hjirtroch waard ek it strategysk wichtige grinsgebiet útwreide. De Nije- of '''Langeakkerskâns''' waard oanlein yn [[1628]], yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]], doe't it plak noch oan de Dollard lei.
 
Dizze nije [[skâns]] wie in ûntwerp fan yngenieur [[Matthijs van Voort]] en krige de foarm fan in regelmjittige fiifhoeke mei [[bastion]]s, mei wâlen en in [[grêft]] rûnom. De skâns krige in regelmjittich strjittepatroan mei yn it midden in eksersysjeterrein. Benoarden waard in [[slûs]] oanlein om it gebiet ûnderstrûpe litte te kinnen ([[inundaasje]]). Yn de 17e en [[18e ieuiuw]] waard de festing noch fierder fersterke en útwreide.
 
Troch ynpolderjen kaam de skâns hieltyd fierder it lân yn te lizzen en ferlear it syn bestsjutting. Yn [[1815]] waard de festing ferlitten troch it garnizoen en yn [[1870]] waard by [[Keninklik Beslút]] bepaald dat Nijeskâns gjin festing mear wie. Yn [[1882]] waarden de festingwurken oersljochte en de grêften tichtsmiten. Nei it oanlizzen fan it spoar festige meast lânbouyndústry har hjir.