Ferskil tusken ferzjes fan "Leafhawwerij"

gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot: Migrating 66 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q47728)
Minsken kinne feardich wurde yn harren leafhawwerij, en der in soad oer oan de weet komme, mar it doel bliuwt de eigen belangstelling te befredigjen. Dochs binne der ek guon dy't fan harren leafhawwerij harren wurk makke hawwe. Fansels kin wat foar de ien in leafhawwerij is foar in oar it wurk wêze. In [[kompjûterprogrammeur]] soe [[itensiederskeunst|itensiede]] as leafhawwerij hawwe kinne, wylst in [[kok]] faaks as leafhawwerij kompûterprogramma's skriuwt.
 
Aktiviteiten dêr't hast net ien jild mei fertsjinje kin, wurde hast altiten as leafhawwerij dien, lykas [[postsegel]]sPostsegelsammeljen|postsegels garje]]. Yn oare fjilden, lykas [[astronomy]] of [[entomology]], binne der al minsken dy't der foar betelle wurde, mar wurdt troch oaren út leafhawwerij ek in grut part fan it wurk dien.
 
Mei in leafhawwerij kin ûntspannend wêze, trochdat minsken mei gâns wat oars dwaande binne as harren wurk. Mar foar guon kin it in ferslaving of in obsesje wurde. Bygelyks, der binne minsken dy't hast al harren frije tiid stekke yn it skriuwen fan in Wikipedy.
2.588

bewurkings