Nikolaj Ge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== Libben en wurk ==
Ge syn pake emigrearre yn de [[18e ieuiuw]] nei Ruslân. Syn âlden stoaren doe't er noch in bern wie, dat hy waard grutbrocht troch in liifeigene fersoarchster. Ge kaam yn 1847 oan de universiteit fan [[Kiev]], en in jier letter oan de universiteit fan [[Sint-Petersburch]]; hy studaerre [[natuerkunde]] en [[wiskunde]]. Fan 1850 oant 1857 studearre er oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten yn Sint-Petersburch. Hy slagge mei in gouden medalje foar it skilderij ''De heks fan Endor ropt de geast fan de profeet Samuel oan''.
 
Dêrnei reizge er nei [[Itaalje]] (1860) om de klassike [[âldheid]] en de [[Renêssânse]] te bestudearjen. Yn 1863 waard Ge beneamd ta professer oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1864 giet er werom nei Florence dêr't er befreone rekke mei de pro-westerske tinker en skriuwer [[Aleksander Herzen]] en portrettearre him doe ek. It duorre oant 1869 ear't er foar altyd nei Ruslân werom gie. Ge syn betide wurk waard beynfloede troch [[Karl Brjoellov]].