Joshua Reynolds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
 
Sir '''Joshua Reynolds''' ([[Plympton St. Maurice]] ([[Devon]]), [[16 july]] [[1723]] - [[Londen]], [[23 febrewaris]] [[1792]]) wie in [[Ingelân|Ingelsk]] skilder út de [[18e ieuiuw]]. Hy waard yn [[1769]] ridder troch kening George III.
 
== Libben ==
Rigel 8:
 
== Wurk ==
Mei [[Thomas Gainsborough]] wie er de dominante portretskilder út de twadde helte fan de 18de ieuiuw. Reynolds skildere yn in mear ydealisearre styl dan syn rivaal. Neist syn portretten, der wurdt in totaal rûsd fan 2000, hat er ek allegoryske portreten makke sa as ''Mrs Siddons as de tragyske muze'' ([[1784]]), in genre dat er allinne tapaste by syn froulike modellen. Ien fan mar in pear histoarjestikken, dy't er neffens syn ''Grand Manner'' makke wie ''It bern Herkules'' ([[1787]]). Wat mear opsmiet wie it saneamde ''[[Fancy Picture]]'' dy't somtiden in eroatysk karakter hiene sa as ''Cupido as in keppelder'' ([[1774]]). Yn 1784 wurdt Reynolds hierd as hofskilder fan kening George III.
 
Yn 1789 waard Reynolds blyn oan syn loftereach en op 23 febrewaris 1792 stoar er yn syn hûs yn Leicester Fields te Londen. Hy waard begroeven yn St. Pauls katedraal.