Sâltkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Fort: [[]]
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
It plak wurdt foar it earst neamd yn 1418 as '''Soltcampum'''. Faaks hat de namme te krijen mei it [[Sâltwinning út moar|winnen fan sâlt]] út [[sâltfean]]. De earste ynwenners wienen wierskynlik soldaten, dy't letter folge waarden troch fiskers. Om 1580 hinne, yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie der in [[skâns]] ''Soltecampe'', boud oan de mûning fan it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]] yn de Lauwerssee, as bolwurk fan de [[Spaanske Nederlannen]]. Yn de jierren dêrnei waarden út [[Fryslân]] wei, doe al part fan de lettere [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], plondertochten troch wettergeuzen makke yn de omkriten fan Sâltkamp en waarden doarpen as [[Warfhuizen]] en [[Zuurdijk]] yn de brân set. Yn de neifolgjende jierren waarden plannen makke om de ferdigeningswurken yn de [[Ommelannen]] opnij te ferôverjen om sa de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] oanfalle te kinnen. Op [[15 oktober]] [[1589]] sylde [[Willem Loadewyk fan Nassau]] mei 800 man út [[Eastmahorn]] nei de ''Soltkamp'' en ferôvere dat plak yn de saneamde ''[[Slach om Sâltkamp|Slach om de Soltkamp]]''.
 
It plak bleau dêrnei noch ieuwenlangiuwenlang in militêre festing. Ein [[18e ieuiuw]], yn de [[Frânske tiid]], waard in fersterke kustbatterij oanlein, sadat it bolwurk doe in [[bastion]] mei in batterij oan de eastkant hie. Yn 1882 waard de militêre festing ophefd.
[[Ofbyld:Haven van Zoutkamp 1936. Scholte F.W..jpg|thumb|250px|Haven fan Sâltkamp yn 1936.]]
[[Ofbyld:Sâltkamp Reitdjip.JPG|thumb|right|250px|Reitdjip mei Sâltkamp op de eftergrûn.]]
Rigel 13:
De befolking bestie lange tiid meast út soldaten en foel bestjoerlik diels ûnder [[Fjouwerhuzen (De Marne)|Fjouwerhuzen]] en foar in part ûnder [[Houwersyl]]. Yn 1835 waard de earste tsjerke boud. Yn 1851 wienen der 660 ynwenners. Yn [[1858]] waard it [[Hunzegoakanaal]] groeven en ferbettere de posysje fan it plak mei't skippen der better komme koene. Oant 1877 hie it doarp in fearferbining oer it Reitdjip. Yn dat jier waard it Reitdjip tusken Sâltkamp en [[Nittershoeke]] lykwols ôfsletten mei [[slûs|sluzen]] en krige it doarp in ferbining mei de oare kant troch in brêge en lei it doarp minder isolearre.
 
De yndustry wie foaral op de fiskerij rjochte; de froulju arbeiden yn de pleatslike fabriken. Begjin 20e ieuiuw berikte de Sâltkampske ekonomy syn hichtepunt. Efkes earder, yn 1883, fergiene 3 fiskersskippen yn in swiere stoarm, der't 9 minsken it libben by ferlernen. Ta harren neitins waard letter in monumint op de dyk set. Nei 1920 makke de grenatefiskerij opgong. Twa jier letter kaam der in [[Spoar Winsum - Sâltkamp|spoar nei Grins]], sawol foar it ferfier fan persoanen as fisk. Tusken 1930 en 1933 waard in grut haventerrein oanlein en waard in fiskhal boud.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Rigel 20:
=== Ein fiskerij en Heiploeg ===
Oant de ôfsluting fan de Lauwerssee yn [[1969]], wie Sâltkamp in fiskershaven. De fiskersskippen hiene de koade ZK. Yn it ferline wie it in wichtige oanfierhaven foar [[grenaat|grenaten]]. Dêrtroch krige it plak in grenateferwurkjende fabryk, [[Heiploeg]]; de grenaten waarden troch de minsken thús peld. Troch strange regeljouwing op it mêd fan hygyene koe dat net meat út en wurdt dit wurk no yn [[Marokko]] dien. Heiploeg is út it sintrum wei ferhúze en hat no in hypermoderne fabryk bûten it doarp, dy't op it heden de grutste fan Jeropa is. In fiskferwurkjende ôfdieling fan it bedriuw sit yn Lauwerseach.
Eartyds waarden grenaten en fiskpuf foar de fiskmoalyndustry bûtendoar droegedrûge en dat stonk dat der waard wolsein: ''as Soltkamp nait stinkt wordt er niks verdaind'' ('as Sâltkamp net stjonkt, wurdt der neat fertsjinne'). Tsjintwurdich stjonkt it net mear yn Sâltkamp.
 
=== Resinte ûntwikkelings ===