Berend Kunst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
'''Berend Wierts Kunst''' ([[Nieuwolda]], [[21 maaie]] [[1794]] - [[Hoogezand]], [[8 juny]] [[1881]]) wie in [[Nederlân]]sk [[keunstskilder]].
 
Kunst waard yn it [[Grinslân]]ske Nieuwolda berne as soan fan [[mûnder]] en [[bakker]] Wiert Luitjens Kunst en Jenneke Berents Bakker. Yn 1816 boaske er oan Auke Roda. Kunst wie lykas syn heit ynearsten bakker, mar waard yn 1821 portretskilder. Koart skoft dêrnei ferfear de húshâlding nei [[Grins (stêd)|Grins]]. Hy reizge as portrettist troch Nederlân, Dútslân, Denemark en Sweden om keunstwurken te sjen. Yn 1825 waard him fan it ''Genootschap tot Bevordering van Teken-, Schilder-, Graveer- en Beeldhouwkunst'' in priis takend fan acht gouden [[Dukaat|dukaten]].<ref>[http://www.streekmuseum-volkssterrenwachtburgum.nl/horizon/HORIZON%20juni%202008.pdf Henstra, K.R. (2008) "Berend Kunst in Burgum" yn ''Horizon'', juny 2008]</ref>
 
Kunst hold in register by fan de portretten dy't er yn de perioade 1823-1873 makke, dat boekje is bewarre bleaun.<ref>[http://www.wazamar.org/Berend-Wierts-Kunst/Berend-Wierts-Kunst.html Berend Wierts Kunst]</ref> Njonken skilderijen makke er fral pasteltekeningen. Hy skildere portretten fan ûnder oaren [[Hendrik Jan Oosting]], boargemaster fan Assen, [[Jan Freerks Zijlker]], [[Twadde Keamerlid]], [[Menno Jan ter Haseborg]], letter boargemaster fan Hoogezand, en de arsjitekt [[J.A. Mulock Houwer|Jan Anthony Mulock Houwer]].