Champs-Élysées: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
De Champs-Elysées wie earst in leane mei fjilden en merkepleinen. Oant yn [[1616]] [[Maria de Medici]] der de lange tún fan de [[Tuilerieën]] út te wreidzjen. In ieuiuw letter yn [[1716]] is op de kaart fan Parys noch hieltyd sichtber dat de strjitte noch net ien lang gehiel is. Yn [[1724]] waard it ien gehiel en waard de strjitte ferlingd.
 
Oan'e ein fan de [[18e ieuiuw]] wie de Champs-Elysées in populêre strjitte. De beammen wienen sa dik wurden dat der rjochthoekige gersfjilden kamen. De tunen fan de huzen lâns de [[Fauborg St honore]], fergroeiden mei de beplanting lâns de Champs-Elysées. De grutste fan dizze huzen wie it [[Elysée]], in heale sirkel fan huzen dy’t no de noardside fan de rotonde om de [[Place de la Concorde]] foarmet. Keninginnen [[Marie Antoinette]] folge muzyklessen yn it grutte [[Hotel de Crillon]] oan it plein. De Champs-Elysées waard eigendom fan de stêd yn [[1828]]. Dêrnei waarden der stoepen, fonteinen en gaslantearns oanlein. Troch de jierren hinne is de strjitte ferskillende kearen ferboud. De lêste kear wie yn [[1994]], doe binne de stoepen breder makke.
[[Ofbyld:American troops march down the Champs Elysees.jpg|thumb|250px|De befrijing fan Parys troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] yn 1944]]
De Champs-Elysées hat faak it toaniel west fan grutte militêre paraden lykas de yntocht fan de [[Dútslân|Dútsers]] nei de slach om [[Frankryk]] op [[14 juny]] [[1940]]. Mar ek de yntocht fan de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] nei de befrijing fan Parys op [[25 augustus]] [[1944]].