Ambassadeur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
It meast wurdt de namme 'ambassadeur' lykwols noch altyd brûkt foar de fertsjintwurdiger fan it iene lân yn 'e haadstêd fan it oare lân, dy't dêr as syn residinsje in beskaat stikje grûngebiet fan 'e gaststeat hat, besteande út in gebou mei mooglik noch wat grûn deromhinne. Dat wurdt de [[ambassade]] neamd. It grûngebiet fan 'e ambassade wurdt troch de gaststeat offisjeel ôfstien, foar de tiid dat de ambassade dêr fêstige is, oan it lân dat troch de ambassadeur fertsjintwurdige wurdt. Net inkeld it grûngebiet fan 'e ambassade, mar ek de wurknimmers en fiertugen dêrfan hawwe yn 'e regel [[diplomatike ymmuniteit]], wat sizze wol dat op it grûngebiet fan 'e ambassade de wetten fan 'e gaststeat net jilde, en dat de wurknimmers fan 'e ambassade net ferfolge wurde kinne ûnder de [[wet]]ten fan 'e gaststeat.
 
De lidsteaten fan it [[Britske Gemienbêst]] wikselje ûnderinoar [[hege kommissaris (Gemienebêst)|hege kommissarissen]] út, dy't op 'e titel nei fierders yn alle opsichten ekwivalintekwifalint binne oan ambassadeurs. De titel foar ambassadeurs fan 'e [[Hillige Stoel]] is [[pauslike nunsius]].
 
Hoewol't gesanten fan it iene lân nei it oare fansels al sa lang foarkomme as der diplomasy bestiet, waard de funksje fan ambassadeur mei syn rjochten en plichten foar it earst fêstlein troch it [[Kongres fan Wenen]], fan [[1815]]. Dêrby waard der oarspronklik fan útgien dat ambassadeurs de persoanlike fertsjintwurdigers fan 'e [[útfierende macht]] (oftewol de [[monarch]]) wiene, ynstee fan dat se it hiele lân fertsjintwurdigen. Harren rang joech ambassadeurs doedestiden it rjocht om fan persoan ta persoan mei de monarch fan it gastlân ûnderhanneljen. Fral yn 'e [[njoggentjinde ieu]] bestie der noch in rangoarder ûnder de ambassadeurs, wêrby't de fertsjintwurdigers fan grutte, machtige lannen mei folle mear ''égards'' behannele waarden (en der ek op stiene om sadanich behannele te wurden) as de fertsjintwurdigers fan lytsere of earmere lannen. Sûnt [[1945]] wurde alle ambassadeurs lykwols erkend as inoars gelikensen. Foar't de moderne kommunikaasjemetoaden ûntwikkele waarden, waard fanneeds faak folle mear macht oan ambassadeurs tabetroud as dat tsjintwurdich it gefal is.