Bas van de Goor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
'''Sebastiaan Jacques Henri (Bas) van de Goor''' ([[Oss]], [[4 septimber]] [[1971]]) is in eardere [[Nederlân]]sk [[follybal]]ler, dy't ta de meast súksesfolle follyballers fan Nederlân beheart.
 
Van de Goor, 2,09 meter lang, spile as ''middenman''. Hy spile yn de Nederlânske en [[Itaalje|Italjaanske]] kompetysje en wûn in protte prizen. Yn de klupkompetysje hat er ûnder oare trijeris de [[Champions League (follybal)|Champions League]] wûn. Ek wûn er de gouden medalje op [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996/Sealfollybal|Simmerspullen fan 1996]]. Ek die Van de Goor mei oan de [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/Sealfollybal|Simmerspullen fan 2000]], doe waard er mei de ploech fiifde fan de tolve dielnimmende lannen. Hy makke syn debút yn de Nederlânske kompetysje yn [[1989]] en moast syn karriêre beëinigje troch blessures yn [[2005]]. Yn totaal hat Van de Goor 295 ynterlannen spile foar de [[Nederlânske follybalploech (manlju)|Nederlânske ploech]]. De âld-follyballer spile sechstjin jier op it heechste nivo: acht jier foar Dynamo en acht jier foar de Italjaanske klups ''Modena'' en ''Sisly Treviso''. Dêrfoar spile er yn [[Oss]] by ''Ovocio'', dêr't er as jeugdspiler begûn en ta de 3e divyzjedifyzje kaam yn de earste ploech.
 
Nei syn aktive karriêre waard Van de Goor technysk direkteur by follybalklup [[Piet Zommers/Dynamo]] yn [[Apeldoarn]]. Nei't er sân moannen dy funksje hân hie, stapte er yn begjin [[febrewaris]] [[2006]] direkt op. It management fan de earedivyzjeklupearedifyzjeklup hat syn ûntslach oanfurdige. De technyske saken by Dynamo binne troch Paul van Sliedrecht oernommen en eardere teammanager Frans de Jong waard ferantwurdlik foar de algemiene saken. Van de Goors reden foar syn fertrek is dat er merkte dat er te fluch fan spiler nei in managementsfunksje oerstapt is.
 
Syn jongere broer [[Mike van de Goor]] is ek in súksesfol beropsfollyballer.