Operaasje Market Garden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 21:
 
== Ferrin ==
Operaasje Market Garden begûn op [[17 septimber]] [[1944]]. De 101 UAirborne divyzjedifyzje fleach de súdlike rûte, de 82 Airborne divyzjedifyzje en de Earste Britske loftlâningsdivyzjeloftlâningsdifyzje fleagen de noardlike rûte. As begelieding fleagen 371 [[Supermarine Spitfire|Spitfires]], [[Hawker Tempest|Tempest]] en [[De Havilland Mosquito|Mosquitos]] mei. Op de súdlike rûte fleagen 548 [[P-47 Thunderbolt]]s, [[Lockheed P-38 Lightning|Lightnings]] en [[P-51 Mustang|Mustangs]] mei de transportfleantugen mei. Foar de wissichheid waard it Dútske loftdoelgeskut oanfallen troch 212 Thunderbolts. Tagelyk bombardearren 48 [[B-25 Mitchell]]s en 24 [[Douglas A-20 Havoc|Bostons]] militêre ynstallaasjes by Nijmegen, Deelen, Ede en Kleve. Op de earste dei wie der hast gjin Dútsk ferset, allinnich by Eindhoven kaam de [[Luftwaffe]] yn aksje.
[[Ofbyld:Market-Garden - Karte Plan.png|thumb|left|250px|Plan fan oanfal.]]
Op [[18 septimber]] waard Einhoven troch de 101 Airborne divyzjedifyzje befrijd. It Dútske tsjinoffensyf begûn ek op dizze dei. By Son begjinne de alliearden mei it bouwen fan in [[Baileybrêge]] en op 19 septimber is de brêge klear. Oant en mei Grave wienen alle brêgen beset mar yn Nijmegen stûke de alliearde opmars. Yn Arnhim slagge it de Britten net op by de brêge te kommen troch heftich Dútsk ferset. De jûns bombardearje de Dútsers Eindhoven.
 
Op 20 septimber feroverje de alliearden de brêge by Nijmegen. Nei de ferovering fan de brêge wie der te min mankracht foar in troepeferpleatsing nei Arnhim. Yn Nijmegen waard doe ek noch fûl fochten. Yn Arnhim hienen de Britten by de brêge gjin munysje en wetter en fiedsel, dat sy koenen de brêge net lang hâlde. By Oosterbeek wienen noch mar 3000 man oer fan de yn totaal 10.000 parasjutisten, by de brêge fochten likernôch 500 man. Op 21 septimber wie it dien mei it lêste Britske ferset by de brêge en fuort dêrnei kamen Dútske fersterkingen om de twadde Britske oanfal op Arnhim te kearen. De Dútsers kamen lykwols net fierder as Elst, 5km súdlik fan de brêge by Arnhim. By Driel lâne it grutste part fan de Poalske parasjutisten, net minder as 41 fleantugen fleagen nei [[Ingelân]] werom sûnder de parasjutisten te droppen. Dit wie net om it minne waar, mar om de 100 Dútske fjochtfleantugen dy't de Poalske parasjutisten by it droppingspunt opwachten. Yn Oosterbook besochten de Dútsers om oarekant de [[Ryn]] lân te feroverjen mar dat slagge net. Dat hie te krijen mei de swiere artillery fan de Britske grûntroepen.