Nederlânske SS: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kaartsje
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
== Oanrin ==
[[Anton Mussert]], lieder fan de NSB waard op [[9 juny]] [[1940]] op de hichte brocht fan [[Adolf Hitler|Hitler]] syn befel om Nederlanners foar de divyzjedifyzje 'Wiking' fan de [[Waffen-SS]] te winnen. De Nederlânske frijwilligers soene harren eigen ''Standarte'' 'Westland' krije. Mussert fielde der net folle foar en rôp syn leden op om gjin tsjinst te nimmen by de SS, mar it gie wol troch. Yn it earstoan bleau Mussert wegerjen, mar hy moast konsesjes dwaan om syn eigen posysje te behâlden. De Dútsers hienen dochs al harren nocht fan de healslachtige Mussert en drigen [[Meinoud Rost van Tonningen]] nei foaren te skowen, ta skea fan Mussert. Mussert gie dêrom yn septimber 1940 akkoard mei de oprjochting fan de Nederlânske SS, as fariant fan de [[Algemeine SS]]. Sadwaande waard op [[11 septimber]] [[1940]] de Nederlânske SS formeel as ûnderôfdieling (ôfdieling XI) fan de NSB oprjochte. As 'Voorman' waard [[Henk Feldmeijer]] beneamd, dy't him yn de praktyk net folle troch Mussert en syn NSB sizze liet. Feldmeijer socht ynstee mear en mear oansluting by de [[Dútslân|Dútse]] [[Allgemeine SS|Allgemeine]] (politike) [[Schutzstaffel|SS]]. Yn'e maitiid fan 1941 waard in opliedingsskoalle foar de ''Nederlandsche SS'' iepene op de bûtenpleats [[Avegoor]] te [[Ellecom]].
 
== Betingsten ==