Mainz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
en sa
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 32:
 
== Skiednis ==
Mainz hat in lange skiednis, dy't werom giet oant de prehistoarje. Op it plak fan in [[Kelten|Keltyske]] delsetting hawwe de [[Romeinen]] harren ''Moguntiacum'' stifte. Mainz wie al yn de [[8e ieuiuw]] in [[bisdom]], dêr't de biskop ek wrâldske macht hie: hy waard ien fan de sân [[karfoarst]]en yn it [[Hillige Roomske Ryk]]. De biskop fan Mainz fierde de earetitel fan ''Primas Germaniae''.
 
Mainz krige yn 1476 foar it earst in [[universiteit]], mar dizze waard yn de [[17e ieuiuw]] sletten. De tsjintwurdige Johannes-Gutenberg-Universität datearret fan [[1946]]. Hy is neamd nei de ferneamde boekprinter [[Johannes Gutenberg]], dy't fan Mainz kaam.
 
Yn 1792 waard Mainz ynnaam troch [[Frankryk|Frânske]] revolúsjonêre troepen, dy't dêrnei de ''Mainzer Frijsteat'' útrôpen. Njoggen moanne letter waard de stêd werom ferovere. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard in grut part fan de stêd ferneatige. Nei de oarloch moast Mainz by de bestjoerlike weryndieling fan Dútslân de wiken oan de oerside fan de Ryn ôfstean oan [[Wiesbaden]], dat sûntiids grutter is. Nei de oarloch waard de binnenstêd restaurearre, wêrby it midsieuwskemidsiuwske strjittepatroan behâlden bleau. Bysûnder is het strjitnammesysteem út 1853: Alle strjitten parallel oan de Ryn hawwe blauwe strjitnammebuorden, de strjitten leadrjocht op de Ryn binne mei reade strjitnammebuordsjes oanjûn.
 
Yn [[1958]] wie yn Mainz it [[Universeel Esperantokongres]].