West-Skylge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== It doarp ==
De grutste winkelstrjitten fan West binne de Toerstrjitte en de Beamstrjitte. Karakteristike 17e ieuskeiuwske gevels yn de Buorren.Hjir binne inkele tsientallen winkels, restaurants, ythûzen en inkele hotels te finen. Yn de Kommandeurstrjitte, froeger de Lange Buorren, is it kultuer-histoarysk musem ‘It Bewarre Hûs’ fêstige. Yn dit museum kin men alles te witten komme oer de kultuer en de skiednis fan Skylge. Ek binne der yn West-Skylge in natoer-histoarysk museum en in fiskersmuseum te finen.
 
Yn West stiet ek de fjoertoer de [[Brandaris]] ([[1594]]), ien fan de âldste fjoertuorren fan [[Nederlân]]. De haven fan Skylge leit ek yn West. Dizze haven leit yn in natuerlike baai. Skylge hat in lytse fiskersfloat dy’t op garnalen fisket.
Rigel 14:
 
== Skiednis ==
West-Skylge ûntstie yn de [[12e ieuiuw]] op in [[sânplaat]] dy’t in ieuiuw earder oan it eilân Skylge fêst groeide. De namme fan it doarp, en fan it eilân Skylge sels, komt fan de namme fan dizze sânplaat.
 
Yn de rin fan de tiid is de namme fan it doarp stadichoan feroare. Bekende nammen út de skiednis binne: Westeinde, Westerskylge, Schylge en Skylge. Ek hat it doarp de namme fan [[Sint Brandarius]] hân, de hillige fan de brannen. Alde nammen fan it doarp dy’t dat yn it ûnthâld bringe binne: Sint Brandariusparochy en Sint-Brandariustsjerke. Oant de [[17e ieuiuw]] kaam de namme Brandaris foar yn de namme fan it plak. Letter waard dizze namme jûn oan de fjoertoer fan West-Skylge.
 
De âlde Sint-Jantsjerke is boud om [[1270]] hinne, de toer fan de tsjerke komt út [[1323]]. DEr binne in soad sarken by mei ôfbyldings fan skippen.