Beverly Hills: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
'''Beverly Hills''' is in stêd yn it suden fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], dy't nei de [[postkoade]] inkeld ek wol '''90210''' (''nine-oh-two-one-oh'') neamd wurdt. Der wurdt gauris tocht dat it in wyk fan [[Los Angeles]] is, mar dat is sa net. Tegearre mei de oanswettende stêd [[West Hollywood (Kalifornje)|West Hollywood]] wurdt Beverly Hills lykwols al folslein omjûn troch it folle gruttere Los Angeles. Oan 'e noardkant fan Beverly Hills leit it [[Santa Monicaberchtme]]; eastlik lizze West Hollywood en de Losanzjelynske wiken [[Carthay (Los Angeles)|Carthay]] en [[Fairfax District (Los Angeles)|Fairfax District]]; súdlik leit de Losanzjelynske wyk [[Beverlywood (Los Angeles)|Beverlywood]]; en westlik de Losanzjelynske wyk [[Bel-Air (Los Angeles)|Bel-Air]]. Nettsjinsteande de namme leit it grutste part fan Beverly Hills op it flakke lân oan 'e foet fan 'e eigentlike ''hills'' ("heuvels").
 
Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] hie Beverly Hills doe goed 34.000 ynwenners. It makket diel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, dy't in befolking hat fan 12,8 miljoen minsken. Beverly Hills is benammentlik bekend as it wenplak fan withoefolle pop- en filmstjerren, en ek wol fan ''[[Beverly Hills, 90210]]'', in [[tillevyzjetillefyzje]]searje út 'e njoggentiger jierren. Ta de stêd hearre ek de ferneamde winkelbuert [[Rodeo Drive]] en it noch altyd aktive [[Beverly Hills-oaljefjild]].
 
==Skiednis==