Catherine Bach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
korr
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
| webside = [http://www.catherinebach.com www.catherinebach.com]
}}
'''Catherine Bach''' (echte namme: '''Catherine Bachman'''; [[Warren (Ohio)|Warren]] ([[Ohio]]), [[1 maart]] [[1954]]), is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[aktrise]] fan mingd [[Dútsers|Dútsk]] en [[Californios|Kalifornysk]]-[[Meksiko|Meksikaansk]] [[etnyske groep|etnysk]] komôf. Hja is fral bekend wurden troch har ikoanyske rol as Daisy Duke yn 'e Amerikaanske [[tillevyzjetillefyzje]]searje ''[[The Dukes of Hazzard (televyzjesearjetelefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]'', út 'e earste helte fan 'e jierren tachtich. Sûnt [[2012]] makket Bach diel út fan 'e fêste ''cast'' fan 'e [[soapsearje]] ''[[The Young and the Restless]]''.
 
==Libben==
===Jonkheid en oplieding===
Catherine Bach waard yn [[1954]] berne yn [[Warren (Ohio)|Warren]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Ohio]], as de dochter fan Bernard Bachman, in ''[[feehâlderij|rancher]]'' fan [[Dútsers|Dútsk]] komôf, en Norma Jean Verdugo Kucera, in [[akupunktuer|akupunkturiste]] dy't in telch wie út it Verdugo-laach, ien fan âldste famyljes fan [[Spaansk]]talige kolonisten yn [[Kalifornje]] (de saneamde ''[[Californios]]''). Bach waard grutbrocht op in grutte feepleats yn [[Súd-Dakota]], dêr't se yn [[1970]] har [[middelbere skoalle|middelbere-skoaldiploma]] helle yn [[Rapid City (Súd-Dakota)|Rapid City]]. Neitiid studearre se [[keunstskiednis]] oan 'e [[Universiteit fan Kalifornje]] (UCLA) yn [[Los Angeles]], dêr't se by wize fan bybaantsje klean naaide foar freonen en [[teäter]]selskippen.
[[File:Daisy Duke.jpg|left|thumb|200px|Catherine Bach as Daisy Duke yn ''[[The Dukes of Hazzard (televyzjesearjetelefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]''.]]
 
===Aktearkarriêre===
Bach belibbe har debút as [[aktrise]] yn in toanielopfiering fan ''[[The Sound of Music]]'', as ien fan 'e bern Von Trapp. Har [[film]]debút makke se yn ''[[The Midnight Man (film út 1974)|The Midnight Man]]'', in [[detektiveferhaal|detektivefilm]] út [[1974]] mei [[Burt Lancaster]], dy't yn [[1973]] opnommen waard yn [[Súd-Karolina|Opper-Súd-Karolina]]. Bach spile yn dy film de fermoarde studinte Natalie Claiburn.
 
Nei noch ferskate oare lytse roltsjes waard Bach yn [[1978]] cast yn 'e tillevyzjesearjetillefyzjesearje ''[[The Dukes of Hazzard (televyzjesearjetelefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]'', yn 'e rol fan Daisy Duke, it ferliedlike nichtsje fan 'e neven Bo en Luke Duke (spile troch [[John Schneider]] en [[Tom Wopat]]), dy't de korrupte ''county''-kommissaris ''Boss'' Hogg en de net oersnoade ''[[sheriff]]'' Roscoe P. Coltrane altyd te fluch ôf wiene. Op har audysje foar dy rol ûntdiek se dat de betinker en makker fan 'e searje, [[Gy Waldron]], Daisy Duke seach as in soarte fan [[kloan]] fan [[country]][[sjongster]] [[Dolly Parton]]. Hoewol't Bach perfoarst net op Parton liek (se wie in brunette, wylst Parton blûn hier hie, om mar wat te neamen), makke se sa'n yndruk, dat se daliks oannommen waard. De kostúmideeën fan 'e Waldron-en-dy stiene Bach lykwols net oan, dat se kaam by de earste opnamen opdaagjen op [[hege hakke]]n en yn in eigenmakke [[T-shirt]] en in [[spikerbroek]] dêr't de [[bokse]]n ôfknipt wiene – en sa waard Daisy Duke berne. ''The Dukes of Hazzard'' waard in ûnbidich súkses, en rûn 7 tillevyzjeseizoenentillefyzjeseizoenen, fan [[1979]] oant [[1985]]. Bach, dy't útgroeide ta [[sekssymboal]], wie foar in grut part ferantwurdlik foar dat súkses; doe't se as Daisy Duke foar in [[poster]] posearre, waarden dêr 5 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Se liet yn dy tiid har [[skonk]]en [[fersekering|fersekerje]] foar $1 miljoen.
 
Nei't ''The Dukes of Hazzard'' yn [[1985]] stopset wie, foel Bach lykwols yn in grut gat. Se waard jierrenlang allinne mar ''[[typecasting|typecaste]]'' yn rollen dy't as twa drippen wetter op Daisy Duke lieken. It nivo fan súkses dat hja mei ''The Dukes of Hazzard'' hân hie, koe hja nea wer belykje. Bach bleau lykwols wurksum as tillevyzjetillefyzje- en filmaktrise, en fertolke fral gastroltsjes en oare lytsere rollen. Yn [[2002]] brocht se in eigen merk [[diamant]]en [[juwiel]]en út by de [[warehûs]]keatling [[Debenhams]]. Yn [[2012]] krige se in fêste rol as Anita Lawson, yn ''[[The Young and the Restless]]'', in [[soapsearje]] op 'e Amerikaanske stjoerder [[CBS]].
 
===Priveelibben===