Dan Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
Dan Brown is hikke en tein yn [[Ekseter (Nij-Hampshire)|Ekseter]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nij-Hampshire]]. Hy wie de âldste fan trije bern yn it gesin fan Richard G. Brown, in [[wiskunde]]learaar oan 'e prestizjeuze ''[[Phillips Exeter Academy]]'', dy't him fan [[1968]] oant syn pinsjoen, yn [[1997]], talei op it skriuwen fan skoalboeken, en dy syn frou Constance, in profesjoneel muzikante dy't teffens de [[oargel|oargeniste]] wie yn 'e pleatslike [[Episkopaalske Tsjerke (Feriene Steaten)|Episkopaalske]] [[tsjerke]]. As bern wie Brown faak al oeren deis dwaande mei koades, puzels en anagrammen dy't ferbân holden mei syn heite wiskunde en syn memme [[muzyk]]. Op jierdeis en mei de [[kryst]] waarden de presinten net gewoan oerlange of ûnder de [[krystbeam]] lein, lykas yn normale gesinnen, mar krigen de bern in skatkaart mei kryptyske oanwizings en moasten se sels mar útfigelearje wêr't de kado's ferburgen wiene.
 
Brown gie nei de legere skoalle yn Ekseter, foar't er fierder learde op syn heite wurkpak, de ''Phillips Exeter Academy'', in eksklusive kostskoalle wêrfan't de learkrêften op 'e kampus wennen en dêr't [[tillevyzjetillefyzje]] net tastien waard en it sosjaal fermidden tige [[kristendom|kristlik]] wie. Brown siet der op it tsjerkkoar, moast nei [[sneinsskoalle]] en gie mei op kamp fan 'e tsjerke. Nei't er yn [[1982]] syn middelbere skoaloplieding oan ''Phillips Exeter'' ôfrûne hie, gied er oant [[1986]] nei it ''[[Amherst College]]'', te [[Amherst (Massachusetts)|Amherst]], yn [[Massachusetts]], dêr't er [[Ingelsk]] en [[Spaansk]] as haadfakken hie en les krige fan û.o. de [[roman]][[skriuwer]] [[Alan Lelchuk]]. Yn [[1985]] studearre er in jier [[skiednis]] oan 'e [[Universiteit fan Sevilla]], yn [[Spanje]].
 
===Muzykkarriêre===