Eddie Murphy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
===Aktearkarriêre===
By it bredere publyk krige Murphy foar it earst bekendheid as akteur by it langrinnende komyske [[skets (komyske sêne)|sketse]]programma ''[[Saturday Night Live]]'', dêr't er fan [[1980]] oant [[1984]] by de fêste ''cast'' hearde. Syn ynternasjonale trochbraak makke er yn [[1982]], mei syn rol yn 'e [[aksjefilm]] ''[[48 Hrs.]]'', mei [[Nick Nolte]]. It jiers dêrop spile er mei [[Dan Aykroyd]] yn 'e komeedzje ''[[Trading Places]]''. Syn trêde film, ''[[Best Defense]]'' ([[1984]]), in komeedzje mei [[Dudley Moore]], waard in finansjeel fiasko, mar mei't datselde jiers noch ''[[Beverly Hills Cop]]'' útkaam, ien fan Murphy syn grutste súksessen, rûn syn karriêre gjin bliuwende skea op. ''Beverly Hills Cop'' die it sels sa goed (mei in winst fan $230 miljoen), dat der noch twa ferfolgen op makke waarden.
[[File:Casey Patterson and Eddie Murphy.jpg|right|thumb|250px|Eddie Murphy mei [[tillevyzjetillefyzje]]produsinte [[Casey Patterson]].]]
 
In oar grut súkses wie de komeedzje ''[[Coming to America]]'', út [[1988]], oer in wrâldfrjemde Afrikaanske prins dy't himsels steande sjen moat te hâlden yn 'e rûge Newyorkske wyk [[Queens (New York)|Queens]]. Yn dy film fertolkten Murphy en syn tsjinspiler [[Arsenio Hall]] beiden ferskate rollen (wêrûnder Murphy syn memorabele optreden as in âlde (blanke) Joadsk-Amerikaanske man). Letter soe Murphy dat trúkje nochris yn ferskillende oare films werhelje. Tsjin it begjin fan 'e jierren njoggentich wie Murphy ien fan 'e grutte [[Hollywood]]-stjerren wurden, en spile er û.m. yn 'e aksjefilm ''[[Another 48 Hrs.]]'' ([[1990]]), wêrfoar't er sels it [[senario]] skreau, de fermaaklike komeedzje ''[[The Distinguished Gentleman]]'' ([[1992]]), wêryn't er de Amerikaanske polityk op 'e hak naam, en ''[[Beverly Hills Cop III]]'', it lêste diel fan in trilogy wêrfan't de magyske formule tsjin dy tiid útwurke rekke.