Fúljeton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
In '''fúljeton''' is in ferfolchferhaal yn in [[krante]] of [[tydskrift]], en tsjintwurdich teffens op 'e [[radio]] of de [[tillevyzjetillefyzje]]. De term komt fan it [[Frânsk]]e ''feuilleton'', dat weromgiet op ''feuillet'', wat "sydsje" betsjut (de ferlytsingsfoarm fan in side út in boek). De oarspronklike fúljetons wiene dan ek losse siden fan in boek, ôfkomstich fan 'e [[útjouwerij]], dy't tegearre mei in tydskrift ferkocht waarden. De bedoeling wie om 'e lêzers dêrmei nijsgjirrich te meitsjen nei de rest fan it boek, sadat se it keapje soene. Letter waarden fúljetons ferhalen dy't yn har folsleinens as ûnderdiel fan in tydskrift oer in stikmannich ôfleverings ferdield publisearre waarden.
 
Hoewol't fúljetons hjoed de dei amper mear serieus nommen wurde, waarden yn it ferline (fral yn 'e [[njoggentjinde ieu]]) ek grutte [[literatuer|literêre]] wurken op dizze wize wol útbrocht (benammen as de [[skriuwer]] muoite hie en fyn in [[útjouwer]]). Sa binne suver alle boeken fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] skriuwer [[Charles Dickens]] as fúljeton úteinset, en ek de measte [[Sherlock Holmes]]-ferhalen fan [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] ferskynden oarspronklik as fúljeton. Op it mêd fan 'e [[Fryske literatuer]] binne bygelyks in protte oersettings út oare talen as fúljeton publisearre, lykas ''[[De Reade Pimpernel]]'', fan [[baronesse Orczy]], en ''[[De Dominy fan Vejlby]]'', fan 'e [[Denemark|Deenske]] skriuwer [[Steen Steensen Blicher]].