Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] sammelet hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]]. Hy sluet altiten syn waarberjocht ôf mei: “Hans de Jong hier en nu Gorredijk”. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘[[Friesch Dagblad]]’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn [[1992]] ferstoarne waarman [[Jan Pelleboer]] lei hy de basis foar de popularisearring fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de [[amateurmeteorology]] yn [[Nederlân]]. De Jong wie yn [[1974]] tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de [[Feriening foar Waarkunde en Klimatology]], de organisaasje fan waaramateurs.
 
Oan it begjin fan de televyzjetelefyzje hat De Jong in skoft televyzjeresinsinttelefyzjeresinsint west, en oant 2008 hat er alle wiken de rubryk "In praetsje by in plaetsje" yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank'' fersoarge, om-ende-by 1500 ôfleveringen oer de skiednis fan it eigen gea. Syn argyf oer De Gerdyk foarme dêrfoar de basis.
 
Yn [[1942]] kaam er foar it ljocht mei it klandestine [[jazz]]orkest ''The Snake Charmers''. De band hat noch oant nei de oarloch bestien en hie yn de befrijingsdagen wakker súkses by de [[Kanada|Kanadezen]]. Bandlid [[Anne Wadman]] eksperimintearre foarsichtich mei Fryske teksten op har swingend repertoire.