Ina Boudier-Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Ina Bakker troude mei 27 jier mei Henry Boudier, direkteur fan de [[PTT (Nederlân)|PTT]]. Fanwege syn wurk moasten sy geregeldwei ferhúzje; sy wennen yn [[Utert (stêd)|Utert]], [[Vianen (Utert)|Vianen]], [[Aerdenhout]] en [[Grins (stêd)|Grins]]. Yn 1929 gie hja foar fêst werom nei Utert.
 
Yn 1902 skreau hja har [[debút]], de [[novelle]] ''Machten'', mar sy ferovere earst wier har plak tusken de grutte Nederlânske auteurs mei de roman ''Armoede'', dy't se fan 1907 oan 1909 yn Utert skreau. Har no bekendste boek, ''De klop op de deur'', skreau hja yn 1930. It waard yn 1970 foar televyzjetelefyzje bewurke ([[De klop op de deur]], televyzjerigetelefyzjerige 1970-1971). Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] lei se eltse terreurdie fêst yn ferzen, dy't se koart nei de oarloch foardroegen hat yn de Piterstesjerke.
 
Nei de oarloch waard it libben fan Boudier-Bakker bot beynfloede troch sykte fan har man en harsels; har man stoar yn 1952. Dêrtroch liet sy har lykwols net út it fjild slaan en sy skreau noch tal fan boeken, û.o. ''Finale'' (1957) dat in grut súkses wie. Ina's oeuvre waard yn 1963 bekroane mei de [[Tollenspriis]].