Jeltje van Nieuwenhoven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
Yn de Twadde Keamer hold Jeltje van Nieuwenhoven har dwaande mei keunst, kultuer en ynternasjonaal kultuerbelied. Ek wie se foarsitter fan de fêste kommisje foar [[Nederlânske Antillen|Nederlânsk-Antiljaanske]] en [[Arûba|Arubaanske]] saken.
 
Ein oktober 2004 ferliet Jeltje van Nieuwenhoven de Twadde Keamer. In dei letter waard se ynstallearre as lid fan Deputerare Steaten fan Súd-Hollân. Op it PvdA-kongres fan 29 jannewaris 2005 waard se ûnderskieden mei de Gouden Spjelde fan de partij, dy't earder allinnich útrikt wie oan [[Joop den Uyl]] en [[Max van der Stoel]]. Op [[15 maart]] [[2006]] makke se bekend per direkt har funksje as deputearre del te lizzen, op advys fan dokters. Se hie lest fan hege bloeddruk en wie yn ein. Op 30 july 2006 wie se te gast yn it bekende [[VPRO]]-programma [[Zomergasten (televyzjeprogrammatelefyzjeprogramma)|Zomergasten]]. Fanút har âlde berop fan bibletekaresse docht se sa no en dan semi-offisjele aktiviteiten foar de bibleteekbranche: deifoarsitterskip fan seminars ensfh.
 
Van Nieuwenhoven waard per 1 oktober 2006 troch de destiidske [[minister fan Ferkear en Wettersteat]], [[Karla Peijs]] beneamd as [[OV-ambassadeur|iepenbier ferfier-ambassadeur]] foar twa dagen yn de wike, foar in perioade fan twa jier. De ynformele funksje is ynsteld om by konflikten tusken partijen yn it iepenbier ferfier - (desintrale) oerheden, ferfierders, reizgers - te bemiddeljen. Ein juny 2008 makken de minister en steatssekretaris fan V&W, [[Camiel Eurlings]] en [[Tineke Huizinga]], bekend dat se dy funksje nochris foar twa jier beklaaie mocht.