Johannes Allen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Johannes Allen''' ([[Kopenhagen]], [[16 maaie]] [[1916]] – [[Hellerup]], [[14 desimber]] [[1973]]), wie in [[Denemark|Deensk]] [[skriuwer]], [[toanielskriuwer]], [[harkspul]]skriuwer, [[senarioskriuwer]] en [[sjoernalist]]. Hy waard bekend mei in hiele rige populêre [[roman]]s, mar makke letter ek namme as taleverder fan [[toanielstik]]ken oan it Deenske Keninklik Teäter en fan [[senario|senario's]] oan 'e Deenske [[film]]yndustry. Fierders wurke er foar de Deenske [[radio]] en [[tillevyzjetillefyzje]]. Nei syn dea waard de ''Allen-pris'' nei him ferneamd.
 
==Libben==
Johannes Allen waard yn [[1916]] berne yn 'e [[Denemark|Deenske]] haadstêd [[Kopenhagen]], as de soan fan Poul Allen, in fabrykseigner, en dy syn oarehelte, de húsfrou Karen Sofie Schleisner. Nei't er yn [[1935]] syn middelbere-skoaloplieding oan it ''Østersøgades Gymnasium'' ôfrûne hie, gied er as metaalsmid yn 'e lear yn syn heite metaalwarefabryk, mar joech nei ferrin fan in healjier it hânwurk deroan om't it him net lei. Dêrnei siet er in jier, oardel yn itselde fabryk op kantoar, oant er hommels ôfsette en nei [[Parys]] ta teach, dêr't er korrespondint foar ferskate Deenske [[krante]]n wie ûnder de Wrâldtentoanstelling fan [[1937]]. Yn [[1939]] reizge Allen in healjier as omswalker troch de [[Feriene Steaten]] en yn [[1940]] waard er dêr oannommen as [[sjoernalist]] en korrespondint foar de Deenske krante ''B.T.'' Dy funksje hold er oant [[1945]], en dêrnei wied er oant [[1949]] korrespondint foar de krante ''Politiken''. Fan [[1954]] ôf wied er ien fan 'e [[einredakteur]]s fan it Deenske [[radio]]programma ''Filmforum''.
 
As [[skriuwer]] debutearre Allen yn [[1941]] mei de [[koart ferhaal|ferhale]]bondel ''Vild Hvede'' ("Wyld Weet"). Dêrnei skreau er in hiele rige populêre [[roman]]s, wêrûnder ''Det Bor i Os Alle'' ("It Wennet yn Elts fan Us"), it ferfilme ''Ung Leg'' ("Jong Spul"), en ''Nu'' ("No"). Syn lêste roman wie ''Manden med Krykkerne'' ("De Man mei de Krukken"), út [[1973]]. Ek as [[toanielskriuwer]] bliek er gâns wat mânsk te wêzen. Foar it Deenske Keninklik Teäter (''Det Kongelige Teater'') skreau er û.m. [[toanielstik|stikken]] as ''Harlekins Tryllestav'' ("De Tsjoendersstêf fan 'e Hofnar") en ''[[Mennesker ved en Grænse]]'' (''[[Minsken oan in Grins]]''). Fierders skreau Allen ek [[harkspul]]len foar de [[radio]] en [[senario|senario's]] foar in stikmannich [[film]]s. De lêste jierren foar syn dea wurke er by de Deenske [[tillevyzjetillefyzje]].
 
Allen wûn mei syn skriuwwurk ferskate literatuerprizen, lykas de ''Møllers Humoristlegat'' ([[1944]]) en de ''Emma Bærentzens Legat'' ([[1945]]). Sûnt [[12 desimber]] [[1941]] wied er troud mei Thea Annelise Lützen-Nielsen ([[1912]]). Hy stoar op [[14 desimber]] [[1973]] yn it Deenske [[Hellerup]], doe't er noch mar 57 jier âld wie. Nei syn dea waard de ''Allen-pris'', in literatuerpriis foar toanielskriuwers dy't útrikt wurdt troch it ''Danske Dramatikeres Forbund'' ("Bûn fan Deenske Toanielskriuwers") foar it ''Lise og Johannes Allens Fond'' ("Lise en Johannes Allen Fûns"), nei him ferneamd.