Finzenis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
 
== Fryslân ==
[[Fryslân]] hat trije finzenissen hân, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], op it [[It Hearrenfean (plak)|Hearrenfean]] en yn [[Snits (stêd)|Snits]]. Dy fan Ljouwert, it [[tichthûs]] ([[1598]]-[[1837]]) stie doe oant bûten de lânsgrinzen as tige modern bekend, en wie yn 'e [[Frânske Tiid]] ien fan 'e grutste sintrale finzenissen yn [[Nederlân]]. Nei de earste nasjonale organisaasje fan it finzeniswêzen, yn [[1821]], waarden Ljouwert en [[Den Bos]] sintrale finzenissen foar feroardiele detinearden, Ljouwert foar Noard-Nederlân, en Den Bos foar Súd-Nederlân. De Ljouwerter finzenis is ferskate kearen útwreide en ferbettere, en krige yn 'e fyftiger jierren fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] de namme fan bysûndere straffinzenis. It hûs fan bewar, dat fan [[1823]] oant [[1889]] yn 'e [[Kânselarij]] húsfêste wie, kaam dêrnei op it terrein fan 'e finzenis (mei in brêge oer de Keizersgrêft by de Easterkaai). Yn [[1989]] waard de nije lokaasje De Marwei iepene, dêr't 282 finzenen burgen wurde kinne. Yn [[2013]] liket it derop dat de finzenis fanwegen besunigings by de ryksoerheid ticht moat. De finzenis (hûs fan arrest) yn Snits hat fan [[1842]] oant [[1922]] bestien, en dy yn [[Crackstate]], op it Hearrenfean fan [[1833]] oant [[1923]]. Crackstate wie teffens yn gebrûk ûnder de [[Dútslân|Dútske]] besetting, yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't it op in minne namme lei, om't net folle finzenen der wer libben út kamen.
 
== Finzenisstraf ==
Finzenisstraf waard yn Fryslân foar it earst oplein yn de [[17e ieuiuw]] en dan noch sporadysk, om't men him yn dy tiid mei [[liifstraf]]fen rêde. It stedske [[wurkhûs]] yn Ljouwert ([[1598]]) wie dan ek mear ûnderkommen foar bidlers en omrinders as straffinzenis. Ek neidat de provinsje yn [[1608]] dizze finzenis oernomd hie, bleau it oplizzen fan finzenisstraf oant nei [[1700]] útsûndering. Finzenisstraf is no nei boete de meast opleine straf.
 
== Sjoch ek ==