Katharine Hepburn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
Hepburn bleau spyljen by sawol it toaniel as de film. By de film krige se noch twa Academy Awards, foar ''Guess who's coming to dinner'' yn [[1967]] en foar ''[[The lion in winter]]'' yn [[1968]]. Op it toaniel spile Hepburn ûnder oaren yn sân stikken fan [[William Shakespeare]], yn [[Londen]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en yn [[Stratfort (Konnetikut)]], en yn [[1969]] spile se mei grut súkses yn de [[musikal]] ''Coco''.
 
Yn de sântiger jierren spile Hepburn fral yn televyzjetelefyzje-films. Yn [[1975]] krige se dêrby foar har rol yn ''Love Among the Ruins'' in [[Emmy Award]]. Yn [[1981]] krige se in fjirde Academy Award, foar har rol yn ''On golden pond''.
 
Ek yn de jierren tachtich en lêtter bleau Hepburn rollen foar televyzjetelefyzje spyljen. Yn [[1991]] kaam har autobiografy ''Me: Stories of My Life'' út. Yn [[1994]] wie har lêste filmrol, in lytse rol yn ''Love Affair''. De lêste jierren waard har sûnens minder en op 29 juny 2003 is se thús yn Old Saybrook ferstoarn.
 
Hepburn spile mei yn mear as fjirtich films, en spile yn mear as tritich toanielstikken. Yn [[1995]] waard se útroppen ta de bêste aktrise út de skiednis fan de film.