Library of Congress: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44:
De ''Library of Congress'' is tsjintwurdich fêstige yn fjouwer gebouwen op twa lokaasjes. It ''[[Thomas Jefferson Building]]'', it ''[[John Adams Building]]'' en it ''[[James Madison Memorial Building]]'' steane op in klútsje op ''Capitol Hill'', yn 'e Amerikaanske haadstêd [[Washington, D.C.]] Dizze trije gebouwen binne fia ûndergrûnske gongen mei-inoar ferbûn, sadat in bibleteekbesiker mar ien kear troch de befeiliging hinne hoecht. Se binne neamd nei trije iere presidinten fan 'e Feriene Steaten: [[Thomas Jefferson]] ([[1801]]-[[1809]]), [[John Adams]] ([[1797]]-[[1801]]) en [[James Madison]] ([[1809]]-[[1817]]). Dêrnjonken besteane noch op ferskate plakken depindânses dy't inkeld foar wurknimmers tagonklik binne, foar de opslach fan guod dêr't net in soad fraach nei is.
 
Yn [[2007]] waard fierders noch in fjirde offisjele gebou iepene, de saneamde ''[[National Audio-Visual Conservation Center|Packard Campus for Audio-Visual Conservation]]'', yn [[Culpeper (Firginia)|Culpeper]], op it plattelân fan 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Firginia]]. Dy is fêstige is yn in âld opslachplak fan 'e [[Amerikaanske Federale Bank]] anneks bunker út 'e [[Kâlde Oarloch]], dêr't no de [[film]]-, [[tillevyzjetillefyzje]]- en lûdsopnamekolleksjes fan 'e ''Library of Congress'' bewarre wurde. It gebou is ferneamd nei de [[filantroop]] [[David Woodley Packard]], de soan fan [[Hewlett-Packard]]-oprjochter [[David Packard]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=