Nancy Reagan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dêre
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
Davis har earste opnommen rol spile se yn [[1940]], as frijwillichster foar de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming, yn in reklamefilmke foar in ynsammelingsaksje foar de striid tsjin [[polio]]. Nei't se har stúdzje oan it ''Smith College'' ôfrûne hie, wurke se earst as winkelbetsjinde yn in warehûs yn Chicago, en teffens as helpferpleechster. Troch har memme konneksjes yn 'e aktearwrâld wist se letter mei súkses har eigen aktearkarriêre op poaten te setten, begjinnende yn [[1945]] mei in roltsje yn it [[toanielstik]] ''Ramshackle Inn''. Yn [[1946]] stie se op [[Broadway]], yn 'e [[musikal]] ''Lute Song'', mei û.m. in noch ûnbekende [[Yul Brynner]]. Nei't se audysje dien hie, krige se yn [[1949]] in sânjierrich kontrakt oanbean troch de grutte [[Hollywood]]-studio ''[[MGM Studios|Metro Goldwyn Mayer]]'', wêrfoar't se ferfear nei [[Kalifornje]].
 
Fan [[1949]] oant ein fyftiger jierren spile Davis yn alve Hollywood-[[film]]s, ornaris yn stereotype rollen lykas de "trouwe húsfrou", de "ferantwurdlike jonge mem" of de "kalme frou". Se sette útein mei lytse roltsjes yn ''[[The Doctor and the Girl]]'' en ''[[East Side, West Side (film út 1949)|East Side, West Side]]'' (beide út [[1949]]), spile in [[psychiater|bernepsychiater]] yn 'e ''[[film noir]]'' ''[[Shadow on the Wall (film)|Shadow on the Wall]]'' ([[1950]]), en hie har favorite rol yn ''[[Night Into Morning]]'' ([[1951]]), wêryn't se in roujende ferloofde spile dy't har ferseine ferlern wie. Davis waard lykwols fral bekend troch har rol as marineferpleechster yn har foarlêste film ''[[Hellcats of the Navy]]'' ([[1957]]), wat ek de iennichste film wie wêryn't se tegearre mei har man te sjen wie. Neitiid aktearre se noch op 'e [[tillevyzjetillefyzje]], yn searjes as ''[[Wagon Train]]'' en ''[[The Tall Man (televyzjesearjetelefyzjesearje)|The Tall Man]]'', oant se har aktearkarriêre yn [[1962]] beëinige. Letter sei se dat se dêr net rouwich om wie, om't se aktearjen foar har gjin ropping wie, mar mear wat dat se die om wat om hannen te hawwen.
[[Ofbyld:Ronald_Reagan_and_Nancy_Reagan_aboard_a_boat_in_California_1964.jpg|right|thumb|250px|Nancy Davis mei har man [[Ronald Reagan]] yn [[1964]].]]