Petra Verkaik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
Petra Verkaik waard yn [[1966]] berne yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], as de dochter fan in [[Nederlân]]ske heit en in [[Baly|Balineeske]] mem. Se sette útein mei in karriêre as [[neakenmodel]] doe't se yn [[febrewaris]] [[1989]] yn 'e spesjale ''Great Playmate Hunt''-edysje fan it ferneamde [[neakenblêd]] ''[[Playboy]]'' stie. Datselde jiers wie se ''Playboy Playmate'' fan 'e moanne septimber yn 'e reguliere Amerikaanske ''Playboy''. Verkaik hat neitiid yn mear as 70 nûmers fan it blêd stien, en dêrnjonken ek yn bûtenlânske ''Playboy''-edysjes, wêrûnder de Nederlânske. Dêrmei is hja it meast publisearre model út 'e skiednis fan 'e ''Playboy''.
 
Fierders hat Verkaik tsientallen fideo's foar ''Playboy'' makke wêryn't se út 'e klean giet, en is se ferskate kearen op 'e [[tillevyzjetillefyzje]]stjoerder ''Playboy TV'' ferskynd. Yn [[1997]] wûn hja de ''Playboy Reader's Choice Model of the Year Award'', in [[publykspriis]] dy't útrikt waard op basis fan in stimming fan 'e abonnees fan 'e Amerikaanske edysje. Yn [[2003]] hiet it dat der foar de lêste kear in fotorapportaazje fan Verkaik yn 'e ''Playboy'' ferskynde, mar yn [[2010]] waard se op 'e nij frege foar in ''Playmate Xtra''-edysje.
 
Njonken har wurk foar de ''Playboy'' hat Verkaik in eigen website wêrfoar't se mear as 300 fotogaleryen en tsientallen fideo's makke hat. Ek hat se wurksum west as [[aktrise]]. Sa hie se yn [[1987]] in gastrol yn 'e Amerikaanske [[komeedzje]]searje ''[[Married... with Children]]'', en spile se yn in stikmannich [[B-film]]s, wêrûnder ''Pyrates'' ([[1991]]), ''Auntie Lee's Meat Pies'' ([[1992]]), ''Love Potion No. 9'' (1992) en ''The Last Road'' ([[1997]]). Verkaik wennet yn [[Toluca Lake (Kalifornje)|Toluca Lake]], in stedsje ûnder de reek fan Los Angeles.