Pokémon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Wikiball.svg|thumb|''Wiki-Styl Pokéball'']]
Pokémon is in wrâldwiid fenomeen fan it ynternasjonale bedriuw Nintendo, yn likernôch [[1995]] útfûn troch 'e [[Japan]]ske Satosji Tadzjiry. In soad bern rûnom yn 'e wrâld binne opgroeid mei Pokémon. De [[raazje]] is begûn mei fideospultsjes, yn 't begjin op 'e Gameboy, mar no op 'e Nintendo DS. Ek binne der op 'e [[tillevyzjetillefyzje]] tekenfilmôfleveringen te sjen en kinne bern ferskate Pokémon-kaartsjes sammelje, wêrnei't se mei-inoar kaartspultsjes spylje kinne. Dêrnjonken besteane der ek noch pokémon-stripteltsjes yn [[manga]]-styl
 
== Wat binne Pokémon? ==
Rigel 43:
Der binne noch mear spultsjes, dy't lykwols net it fêste patroan folgje, lykas hjirboppe beskreaun.
 
== Pokémon op 'e TillevyzjeTillefyzje ==
It tillevyzjeprogrammatillefyzjeprogramma oer Pokémon lit 'e reis fan it jonksje Ash Ketchum sjen, wêrby't er mei freonen en syn favorite Pokémon [[Pikachu]] troch it lân reizget om nei pokémon te sykjen en de Pokémon dy't er al hat, te trainen. Hy lit syn Pokémon fjochtsje tsjin oare trainers en sims ek tsjin gym lieders. Mei ferrin fan tiid giet er sims nei in oar lân, dêr't in protte oare Pokémon te finen binne dy't er noch nea sjoen hat. Dizze pokémonlannen yn 'e pokémon-wrâld binne: Kanto, Johto, Hoenn, Sinnoh en Unova.
 
Ek komme der út en troch bioskoopfilms út oer Ash Ketchum en syn freon [[Pikachu]].