Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 83:
Pornografy hat yn 'e skiednis withoefaak oan [[sinsuer]] en wetlike beheinings ûnderwurpen west op grûn fan syn ynherinte obseniteit. Yn 'e Westerske wrâld alteast is dêr sûnt de jierren sechstich feroaring yn kommen fanwegen de ferskowing nei frijere noarmen en wearden dy't it gefolch wiene fan 'e [[Seksuële Revolúsje]]. Likegoed ferskilt sawol de wetlike status as it maatskiplike oansjen fan pornografy mar frijwat per lân.
 
Yn 'e measte lannen fan 'e wrâld is teminsten ienige foarm fan pornografy legaal. Yn guon lannen, mei dêrûnder Nederlân en it grutste part fan 'e rest fan Jeropa, wurdt sêfte pornografy beskôge as ûnskealikernôch om op tillevyzjetillefyzje útstjoerd te wurden, sij it jûns nei in beskaat tiidstip. Hurde pornografy is almeast dreger te besetten en beheind ta ferkeap yn spesjale seksshops (Nederlân is dêrop in útsûndering, yn 'e mande mei guon oare Jeropeeske lannen). Berneporno is fansels oeral útsein yn 'e minst ûntwikkele lannen ferbean, mar ek bistepornografy, wêryn't seksuële omgong tusken minsken en bisten portrettearre wurdt, is yn hieltyd mear lannen ferbean; net om't it obseen wêze soe, mar fan it eachpunt fan [[bistebeskerming|bistewolwêzen]] út. Nederlân ken bgl. sûnt [[2010]] in wet tsjin bistepornografy. Dêrnjonken binne der soms beheinings oangeande [[ferkrêftingspornografy|gewelddiedige porno]], wêryn't ferkrêftings yn sêne set wurde.
 
De measte lannen besykje fierders teffens om oan 'e jongerein ûnder in beskate âldens de tagong ta porno te ûntsizzen, û.m. troch identifikaasjeplicht yn seksshops en foar online-winkelbestellings, en troch it foar âldelju mooglik te meitsjen om tillevyzjesjentillefyzjesjen en ynternetgebrûk eigenhandich te sinsurearjen.
 
In beheinde ynventarisaasje:
Rigel 104:
 
===De pornoyndustry===
It is dreech om fêst te stellen hoefolle jild oft der wrâldwiid krekt omgiet yn 'e pornoyndustry. Wat inkeld de [[Feriene Steaten]] oangiet, waard der yn in regearingsstúdzje út [[1970]] foar allinne hurde pornografy in totale detailhannelswearde fan likernôch $10 miljoen neamd.<ref>Presidinsjele Kommisje oangeande Obseniteit en Pornografy, ''Report of The Commission on Obscenity and Pornography''.</ref> Yn [[1998]] waard der in ferslach publisearre wêryn't rûze waard dat de Amerikaanske pornoyndustry jiers allinne fia it ynternet al $750 miljoen oant $1 miljard oan winst makke.<ref>Richard, Emmanuelle, ''The Naked Untruth'' (www.alternet.org).</ref> In oare stúdzje, út [[2001]], skatte de totale winst fan 'e Amerikaanske pornoyndustry (ynkl. ynternet, fideo, tydskriften en betelkanalen op 'e tillevyzjetillefyzje) tusken de $2,6 miljard en $3,9 miljard.<ref>Ackman, Dan, ''How Big Is Porn?'' (www.forbes.com).</ref>
 
Bedragen lykas dy't hjirboppe neamd wurde, meitsje de pornografyske yndustry ta in bedriuwstûke fan belang. Yn 'e Feriene Steaten is de produksje fan kommersjele pornografy al sûnt it begjin fan 'e jierren santich fierhinne konsintrearre yn 'e [[San Fernandodelling]], dy't ûnderdiel útmakket fan [[Los Angeles]]. Akteurs en aktrises wenje der, pornoprodusinten binne dêr fêstige, en ek oare bedriuwen dy't mei de produksje en/of distribúsje fan pornografy te krijen hawwe, sitte dêre. Al mei al skept dat in wichtige ekonomyske basis foar de hiele krite. De ynfloed dy't soks yn politike fermiddens opsmiten hat, is ûnderwerp fan kontroverse.