The Beatles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
Op [[1 jannewaris]] [[1962]] dogge de Beatles in audysje foar it Decca label. Mar se krije as kommentaar dat yn groepen mei gitaren gjin takomst sit. Yn april gean de Beatles foar in tredde searje optredens foar twa moannen nei [[Hamburch]]. Dêr oankommen hearre se it berjocht dat harren âlde freon Stuart Sutcliffe deagong is oan in [[harsenblieding]]. De groep is der kapot fan.
 
Op 6 juny dogge de Beatles audysje foar [[George Martin]], in platenproduser. Dizze wol it mei de groep besykje ûnder ien betingst: Pete Best moat de groep ferlitte. Hy kin gjin maat hâlde neffens George Martin. De groep akseptearret. De nije drummer is [[Ringo Starr]] (echte namme: Richart Starkey). De Beatles binne no kompleet. Op [[23 augustus]] trout [[John Lennon]] mei syn freondinne [[Cynthia Powell]] dy't yn ferwachting is. De earste single komt út op [[5 oktober]] [[1962]]. Yn Ingelân ferskynt it ferske nei trije wiken yn de hitparade. It ferske hjit: ‘Love me do’. Se komme foar it earst op televyzjetelefyzje op [[7 novimber]] by Granada TelevyzjeTelefyzje. It jier wurdt ôfsletten mei in searje optredens yn de Star Club yn Hamburch.
 
 
Rigel 24:
 
== It hichtepunt ==
Op 11 febrewaris trout Ringo Starr mei [[Maureen Cox]]. In wike letter begjint de band mei opnames foar in nije film. Dizze opnames duorje oant healwei maaie. De groep filmet yn [[Tirol]] en op de [[Bahama’s]]. Yn july komt de film út mei de namme Help. Ek komt de fiifde elpee ‘Help’ út. Nei in koarte toernee troch Jeropa giet de band nei de Feriene Steaten. Dêr jouwe se in oantal ferneamde konserten lykas it Shea Stadium konsert. Der komme mear as 56000 minsken te sjen. In moanne letter start dêr in tekenfilmsearje op televyzjetelefyzje basearre op de muzyk fan de Beatles. Yn Ingelân krije de Beatles op [[Buckingham Palace]] in keninklike ûnderskieding : Member of the Most Excellent Order of the British Empire (MBE).
 
George Harrison trout op [[21 jannewaris]] [[1966]] mei [[Patti Boyd]], dy hy twa jier earder moete hie. De single ‘Michelle’ wurdt yn de hiele wrâld in hit. Op 1 maaie jouwe de Beatles harren lêste live konsert yn [[Ingelân]]. Yn de Feriene Steaten komt in sammelelpee út. Op de hoes stean de Beatles yn slachtersjassen mei stikken fleis en poppen sûnder hollen. De hoes wurdt al hiel snel ferfong. Er komme hjir en der mear protesten. Bygelyks op [[De Filipinen]]. De Beatles wurde hertlik wolkom hjitten yn [[Manilla]] mar as in dei letter blykt dat de band in útnûging foar de lunch fan [[Imelda Marcos]] negeare hat wurde se hast letterlik it lân út slein. Mar de grutste flater moat noch makke wurde. Op 31 july stiet yn in Amerikaansk blêd in ynterview mei John Lennon. Yn dat ynterview seit hy dat de Beatles op dit momint populêrder binne as [[Jezus Kristus]]. De Amerikanen binne poer. Oeral wurde Beatles platen ferbrând en in soad radiostasjons ferbiede de Beatlesplaten. Heal augustus gean se dôchs nei Amearika ta. Dit soe harren lêste toernee wurde. By oankomst jout John Lennon in parseferklearring ôf. Hy seit dêryn dat de útspraken net sa bedoeld wienen. Op [[26 augustus]] [[1966]] wurdt yn it Candlestick Park yn [[San Francisco]] it lêste optreden jûn. De band hat hiele oare muzikale ideeën krigen. Dizze ideeën kinne net útfierd wurde op in poadium. De band hâldt himsels no allinnich noch mar dwaande mei it opnimmen fan platen.
Rigel 30:
 
== It begjin fan'e ein. ==
Heal febrewaris [[1967]] komt as foarpriuwke de single ‘Penny Lane’ út. De groep is moannenlang yn de studio’s fan Abbey Road yn [[Londen]] oan it opnimmen. As de plaat klear is, wurdt de wrâld der troch ferbjustere. Mear en mear wurde de Beatles der fan fertocht dat se [[drugs]] brûke, se jouwe dit sels ek ta. As reaksje boycottet de [[BBC]] de singles ‘A day in the life’ en ‘Lucy in the Sky with Diamonds’. Dit fanwege de begjinletters. In primeur is op [[25 juny]], wannear't se de single ‘All you need is love’ yn in televyzjeprogrammatelefyzjeprogramma wrâldwiid presintearje. Op it hichtepunt fan harren rom, slacht it needlot ta. Yn in meditaasjewykein yn [[Wales]], by de Yndiaaske [[Goeroe]] [[Maharishi Mahesh yogi]], krije se te hearren dat manager [[Brian Epstein]] dea yn syn flat fûn is. Syn dea is in gefolch fan te folle sliepmiddels yn kombinaasje mei [[etanol|alkohol]]. [[Paul McCartney]] wit de oaren te oertsjûgjen om sa gau mooglik wer oan it wurk te gean om sa gau mooglik oer it ferlies hinne te kommen. Hy komt mei it idee om in televyzjefilmtelefyzjefilm te meitsjen mei de namme Magical Mystery tour. Se gean mei de bus troch hiel Ingelân hinne en tuskentroch nimme se yn de studio de ferskes op dy der by hearre. Op Twadde Krystdei stjoert de BBC de film út. De parse lit de folgjende dei neat heel fan de film. De band giet foar trije moannen nei [[Rishikesh]] yn [[Yndia]] om harsels yn it haadkertier fan de Maharishi fierder te ferdjipjen yn meditaasjetechniken. Ringo Starr hâldt der nei in pear wiken wer mei op krektas Paul McCartney. Yn maart skoart de groep in nûmer 1 hit my ‘Lady Maddonna” en letter mei ‘Hey Jude”.
 
De Beatles falle hieltyd mear útelkoar. Under it opnimmen fan de nijste elpee hat Paul McCartney himsels opsteld as lieder fan de groep. Hjirmei kaam er op it sear fan John Lennon as oprjochter fan de band. John Lennon sleepte syn nije leafde oeral mei hinne. De [[Japan]]ske [[Yoko Ono]] gie sels mei de studio’s yn. Dat waard net troch alle oare bandleden wurdearre. Der komt dan ek spul fan. Ringo Starr ferlit lilk de studio. In pear dagen letter wurdt de rûzje wer bylein. John en Yoko bliuwe yn it nijs kommen. Se wurde troch de plysje oppakt omdat se hennep by harren hawwe. Mar it meast skokkende foar dy tiid wie de nije hoes fan de elpee, fan de twa. Se stienen neaken op de foarkant.