Ferskil tusken ferzjes fan "The Vor Game"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (→‎Eftergrûn: [[]] oars)
Doe't se har twadde kontrakt foar it skriuwen fan trije boeken ôfsleat mei har [[útjouwer]] [[Jim Baen]], hie Lois McMaster Bujold it trêde boek fan dat trio gearfet mei ien wurd: "''Quaddies''". It moast dus in ferfolch wurde op har súksesfolle roman ''[[Falling Free]]'', dêr't se har earste priis mei wûn hie. Mar doe't se deroan ta wie, fielde se har noch net ree om dat ferfolch te skriuwen (úteinlik is it der nea fan kommen). It wie lykwols hiel dúdlik, mei it each op 'e ferhalen dy't se al skreaun hie oer har populêre haadpersoan Miles Vorkosigan, dat der op in frij krúsjaal punt yn syn libben, tusken ''[[The Mountains of Mourning]]'' en ''[[Labyrinth (science fiction-novelle)|Labyrinth]]'' yn, in gat siet dêr't dingen ûntbrieken. Sa hie Miles yn ''[[The Warrior's Apprentice]]'' syn Frije Dendarii Hierlingen efterlitten om nei hûs werom te kearen, en spile it gronologysk dêrop folgjende ''The Mountains of Mourning'' folslein op syn thúsplaneet Barrayar, mar wied er yn ''Labyrinth'' wer by de Dendarii werom. Wat wie der yn 'e tuskentiid foarfallen?<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 835.</ref>
 
Mei't de eksploaten fan Miles Vorkosigan troch [[resensint|resensinten]] dochs al omskreaun waarden as behearrende ta it subsjenre fan 'e [[militêre science fiction]], besleat Bujold om diskear mei sin sa'n soarte ferhaal te skriuwen. Ien ding dat se dêryn ferwurke wie in aspekt fan har eigen heit, Robert Charles "Bob" McMaster ([[1913]]-[[1986]]), [[heechlearaar]] oan 'e Steatsuniversiteit fan [[Ohio]] en in grutte namme yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld, dy't teffens in bybaantsje hie as de twadde tillevyzjewaarmantillefyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op ''Channel 10 Columbus'' ([[1950]]-[[1964]]). Ek hie útjouwer Jim Baen har in eksimplaar fan it boek ''Strategy'' fan 'e ferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] [[militêr histoarikus]] [[Basil Henry Liddell Hart|B.H. Liddell Hart]] stjoerd, dêr't se tankber gebrûk fan makke. Oare ynfloeden wiene it boek ''The Mint'', fan [[Thomas Edward Lawrence|T.E. Lawrence]], better bekend as ''Lawrence of Arabia'', wêryn't dy syn basistrening beskriuwt doe't er nei de [[Earste Wrâldoarloch]] ûnder in [[skûlnamme]] op 'e nij tsjinst naam yn it Britske leger, en ''De Fjirtich Martelders fan Sebastiani'', in ier kristlik [[marteldersferhaal]] oer fjirtich kristlike leden fan in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] [[legioen]] dy't neaken op it iis opsteld waarden oant se har nije [[leauwe]] opjaan soene, mar harsels ynstee deafrieze lieten. Fierders waard Bujold holpen troch ferhalen fan Charles Marshall, in freon fan har mem, dy't yn [[1941]] belutsen west hie by de oanlis fan 'e Amerikaanske [[loftmachtbasis Thule]], yn it uterste noardeasten fan [[Grienlân]], en kommentaar fan William Melgaard, in marine-architekt dy't har ferskate militêre anekdoates en oare nijsgjirrichheden trochdie.<ref>Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 835-837.</ref><ref>Bernardi, Michael, ''Lois's Dedications'' (www.dendarii.com).</ref>
[[File:Bujold2012.png|thumb|left|250px|Lois McMaster Bujold op 'e ''Finncon''-konvinsje te [[Tampere]], yn [[Finlân]] ([[2012]]).]]
 
17.653

bewurkings